Atos
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hillige Berch Atos (Aldgryksk: Ἄθως Áthōs, Nijgryksk: Άθως Áthos; sûnt de Byzantynske tiid meastentiids: Άγιον Όρος, Ágion Óros, "Hillige Berch") is in berch, skiereilân en otterdokse muontserepublyk yn Grikelân, mei in autonome status ûnder de Grykske soevereiniteit.
It skiereilân is bekend fanwegen de lange monastike tradysje, dy't wêrop giet op 800 jier nei Kristus en it Byzantynske tiidrek. Tsjintwurdich wenje ôfsûndere fan de rest fan de wrâld op Atos mear as 2.000 muontsen. Hja komme út Grikelân en oare eastersk-otterdokse lannen. De kleasters besitte in grut tal seldsume boeken, kostbere ikoanen en net te beteljen keunstwurken fan grutte skiedkundige wearde. Sûnt 1988 stiet Atos op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Alhoewol't Atos krekt as de rest fan Grikelân diel útmakket fan de Jeropeeske Uny, waard de status fan de monastike steat fan de Hillige Berch en de jurisdiksje fan de ynstellings op Atos ôfsûnderlik beskreaun en ratifisearre nei it talitten fan Grikelân ta de Jeropeeske Mienskip (de foarrinner fan de Jeropeeske Uny). De frije tagong fan persoanen en guod op it grûngebiet fan Atos is net tastien, útsein as de autoriteiten fan de Monastike Steat dêr tastimming foar jûn hat. It is allinnich manlju tastien om in besite te bringen oan it eilân.