![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/a/a0/%25CE%259C%25CE%25BF%25CE%25BD%25CE%25AE_%25CE%25A3%25CE%25AF%25CE%25BC%25CF%2589%25CE%25BD%25CE%25BF%25CF%2582_%25CE%25A0%25CE%25AD%25CF%2584%25CF%2581%25CE%25B1.jpg/640px-%25CE%259C%25CE%25BF%25CE%25BD%25CE%25AE_%25CE%25A3%25CE%25AF%25CE%25BC%25CF%2589%25CE%25BD%25CE%25BF%25CF%2582_%25CE%25A0%25CE%25AD%25CF%2584%25CF%2581%25CE%25B1.jpg&w=640&q=50)
Simonopetra-kleaster
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Simonopetra-kleaster (Gryksk: Σιμωνόπετρα, letterlik de "Rots fan Simon"), ek bekend ûnder de namme Simonos Petra (Μονή Σίμωνος Πέτρας), is in eastersk-otterdoksk kleaster oan de súdkant fan de hillige berch Atos yn Grikelân. It kleaster is it tretjinde kleaster yn de hiërargy fan de kleasters op it skiereilân en telt likernôch 50 muontsen.
Fluch de feiten
Simonopetra
Σιμωνόπετρα | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | 19e iuw | |
offisjele webside | ||
esphigmenou.com |
Slute
De súdlike kust fan Atos is oer it algemien rotsich, mar dit diel is útsûnderlik rûch. It Simponopetra-kleaster leit tusken de haven Dafni en it Osiou Grigoriou-kleaster heech op in rots, dy't 330 meter boppe seenivo útstekt.