From Wikipedia, the free encyclopedia
Tonny de Jong (Skarsterbrêge, 17 july 1974) is in eardere Fryske reedrydster, dy't hikke en tein is yn Langsweagen en It Hearrenfean. Yn 2003 troude hja op It Hearrenfean mei de Kanadeeske rider Mark Knoll. Letter sette se har nei wenjen yn Calgary. Har bynamme wie Pocket Rocket fanwege har hege snelheid en koarte lingte.
Tonny de Jong | ||
sporter | ||
Tonny de Jong | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 17 july 1974 | |
berteplak | Skarsterbrêge | |
sportive ynformaasje | ||
sport | reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Lillehammer 1994, Nagano 1998, Salt Lake City 2002 | |
debút | 1993 | |
karriêre-ein | 2002 | |
wichtige prestaasjes | ||
Jeropeesk Kampioen Oer Alles (1997 & 1999) |
Tusken 1996 en 2002 wûn De Jong mear as ien kear de gouden medalje op de langere ôfstannen by de Nederlânske kampioenskippen. Yn 1997 waard hja ûnferwachts Europeesk kampioene allround. Dat hie se mei te tankjen oan it feit dat se as earste goed oerwei koe mei klapredens. Tony de Jong wie trije kear de bêste op it Nederlânsk kampioenskip Oer Alles.
Tonny de Jong die fan 1994 oant en mei 2002 njoggen jier efterelkoar mei oan it WK Allround. Yn de jierren dat se Europeesk kampioene waard, 1997 en 1999, waard se tredde op it WK Allround. Yn 1997 ferovere se op de 1500 meter de brûnzen en op de 5000m de sulveren ôfstânsmedalje. Yn 1998 ferovere se har tredde, en lêste, ôfstânsmedalje op it WK Allround, brûns op de 5000 meter. Yn 1999 stie se as twadde frou, nei Trijnie Rep yn 1973, op it earepoadium fan it WK Allround sûnder in ôfstânsmedalje op it kampioenskip ferovere te hawwen.
Yn 2002 naam De Jong ôfskied fan it riden op de Olympyske Spullen. Hjiroan foarôf posearre se foar it maart-nûmer fan in manljusblêd Playboy.[1] Op 26 april 2003 troude sy op It Hearrenfean mei de Kanadeeske reedrider Mark Knoll en krige se trije bern. Dêrnei is se lykas har suster Maaike de Jong ynterieur-designer wurden.<
Op 7 jannewaris 2009 ferskynde der in spesjaal EK-postsegelboekje wêryn't acht Nederlânske Europeesk Kampioenen steane dy't yn Thialf de ôfrûne tsien jier dy titel wûnen. De Jong wie de iennige Nederlânske frou.[2]
jier | NK Ofstannen |
NK Allround |
NK Sprint |
EK Allround |
WK Allround |
WK Sprint |
WK Ofstannen |
Olympyske Spullen |
WK Junioaren |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
1993 | ns2 500 7e 1500m 5e 3000m 5e 5000m | 9e | |||||||
1994 | ns2 500m 1500m 4e 300m 5000m | 8e | 12e | 10e 1500m 11e 3000m 11e 5000m | 5e | ||||
1995 | 1500m 4e 3000m 5000m | 4e | 10e | ||||||
1996 | 3000m 5000m | 4e | 5e | 11e 1500m 9e 3000m 4e 5000m | |||||
1997 | 5e 1500m 10e 3000m 6e 5000m | ||||||||
1998 | 1500m 3000m 5000m | 7e | 4e | 7e 3000m 5e 5000m | 18e 1500m 16e 3000m 5e 5000m | ||||
1999 | 1000m 1500m 3000m | 14e | 1500m 3000m 5000m | ||||||
2000 | 4e 500m | 5e | 6e | 4e 3000m 5000m | |||||
2001 | 1000m 1500m 3000m | 8e | 18e 1500m 18e 3000m 9e 5000m | ||||||
2002 | 1500m 3000m 5000m | 4e | 7e | 7e 1500m 5e 3000m 7e 5000m |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.