From Wikipedia, the free encyclopedia
In toertocht wurdt winterdeis as it waar en de iisomstannichheden goed binne organisearre troch iisklups en iiswegesintrales. Sokke tochten gean oer plassen, marren, sleatten en kanalen. Rekreanten wurde dêrby yn de gelegenheid steld in tocht ôf te lizzen oer in rûte dêr't de iisdikte en feilichheid op it iis fan kontrolearre binne. De ôfstannen dy't riden wurde kinne farieare tusken de 10 oant sirka 200 km en geane faak troch gebieten dy't oars net of amper tagonklik binne. Meastentiids krije de beteljende dielnimmers in stimpelkaart dy't sy ûnderweis by kontrôlepunten sjen litten wurde moat en krije in stimpel. Nei ôfrin fan de tocht krijt de dielnimmer yn ruil foar in folle stimpelkaart in medalje oerhandige of tastjoerd.
Yn Fryslân soarget it Frysk Iisbûn as oerkoepeljend orgaan fan de 22 iiswegesintrales dy't yn de provinsje binne foar oanlis en ûnderhâld fan de iiswegen en organisearre toertochten op de redens.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.