Sleat (wetter)
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
In sleat is in wettergong op plakken dêr't reinwetter gearstreamt, sadat it ôffierd wurde kin nei gruttere oerflaktewetters, lykas opfearten en kanalen, marren en úteinlik de see. Sleatten meitsje sadwaande in wichtich ûnderdiel út fan 'e wetterhúshâldkundige ynfrastruktuer. In grutte sleat wurdt al gau in feart neamd, wylst in petiterich sleatsje in greppel is.
Dêrnjonken wurde sleatten, fral yn it noarden en westen fan Fryslân, ek faak brûkt as ôffreding fan perselen grûn. Sawol greidlân as ikkers wurde dertroch omjûn, wêrby't se fral by greiden funksjoneel binne om weidzjend fee te hâlden dêr't it bliuwe moat. Sokke stikken lân, sawol greide as bou, wurde ek faak fan wegen skaat troch sleatten. Hoewol't de ôffredingsfunksje fan sleatten troch de measte minsken as it wichtichst ûnderfûn wurdt, is it eins in sekundêre funksje, mei't de ôfwettering folle belangriker is en foar ôffreedzjen likegoed stekken of houtwâlen brûkt wurde kinne soene.
Sleatten moatte ien kear yn 't jier hekkele wurde, wêrby't se ûntdien wurde fan 'e wetterplanten. Bart soks net, dan groeie se op 'en doer ticht. Behalven foar ôffreding, ûntwettering en opfang fan oerstallich wetter binne sleatten ek fan libbensbelang foar biodiversiteit en foar de natoer yn it algemien. Benammen in protte fûgels, ynsekten en amfibyen tankje harren fuortbestean oan 'e biotopen fan 'e sleat sels en fan 'e sleatswâlen.
Nederlân hat in netwurk fan yn totaal 330.000 km oan sleatten.[1] Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is dat sifer sterk omleech gien troch ruilferkaveling, skaalfergrutting fan de lânbou, gebrek oan lânskipssoarch, de oanlis fan nije wegen en oare ynfrastruktuer, en de útwreiding fan stêden en doarpen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.