De toefmies (Lophophanes cristatus, eartiids Parus cristatus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e echte miezen (Paridae).

Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
toefmies
Thumb
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemiesfûgels (Paridae))
skaaitoefmiezen (Lophophanes)
soarte
Lophophanes cristatus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Thumb
Slute

Beskriuwing

De toefmies is 10,5 oant 12 sm lang, like lang as de blaumies. It fûgeltsje hat in opfallend swart-wyt toefke mei in swart-wite tekening op it gesicht. De túf kin plat oer de krún lein wurde. It fearrekleed is oan 'e boppekant griisbrún en de ûnderkant brutsen wyt en wat gielich oan 'e flanken. De foarkop is wyt mei in brutsen swarte eachstreep. Fierder hat de fûgel in swarte halsbân, in donkere snaffel en donkerbrúne poatsjes.

Nêst

Thumb
Aaikes fan 'e toefmies

De toefmies hat syn nêst yn in selsmakke holte fan fermôge hout en leit fiif oant acht wite aaikes mei kastanjebrune plakken, dy't allinne troch it wyfte bebret wurde. De aaikes wurde tusken de 15 oant 17 dagen útbret en de jongen bliuwe dan likernôch trije wiken yn it nêst. Nei it útfleanen wurde de jonge fûgels noch in skoftke fuorre.

In toefmies hat twa lechsels yn 't jier.

Iten

It iten fan 'e toefmies bestiet simmerdeis út ynsekten, larven, spinnen en oar lyts guod. Yn 'e hjerst en winterdeis yt de toefmies meast sied fan nullebeammen.

Fersprieding en biotoop

De toefmies komt yn in grut part fan 'e nullebosken fan Europa mei fral dinnebeammen foar, ek yn Nederlân, mar net yn Ingelân, Ierlân, it noarden fan Skandinaavje, it grutste part fan Itaalje en dielen yn Súdeast-Europa. De grutste konsintraasjes fan 'e toefmies komme op 'e Feluwe, de Utertske Heuvelrêch, West-Drinte, Noard-Limburch en it Leenderbosk yn Brabân. Yn Fryslân is it fûgeltsje allinne yn lytsere oantallen yn 'e bosken fan it súdeasten te hearren.

De toefmies is in stânfûgel en in honkfêst fûgeltsje. Hy ferlit net gau syn territoarium en allinne jonge fûgels swalkje wol yn groepkes om.

Oars as de blokmies en de blaumies wurdt de toefmies net in soad yn tunen sjoen, of der moatte wol nullebeammen yn 'e omjouwing stean. As nullebeammen ferfongen wurde troch leafbeammen ferdwynt de toefmies. Dêrfandinne hat der de lêste tiid in lytse ôfname west fan 'e toefmies.

Undersoarten

Fan 'e toefmies binne sân ûndersoarten:

Thumb
Toefmies

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.