Terminator (franchise)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Terminator is in Amerikaanske mediafranchise dy't oarspronklik kreëarre waard troch regisseur James Cameron en filmprodusinte Gale Anne Hurd. De franchise heart ta de sjenres fan science fiction en aksje en begûn yn 1984 mei de tige súksesfolle film The Terminator, mei akteur Arnold Schwarzenegger yn ien fan syn bekendste rollen as de Terminator. Dat is in cyborg dy't troch de tiid weromreizge is út 'e takomst om 'e jonge frou Sarah Connor te deadzjen, om't hja meitiid mem wurde sil fan 'e man dy't de keunstmjittige yntelliginsje fan it Skynet úteinlik ôfhâlde sil fan 'e wrâldhearskippij. Anno 2021 binne yn it ramt fan Terminator fiif ferfolchfilms makke, in tillefyzjesearje, twa websearjes en ferskaat oan fideospultsjes, stripboeken, romans en oare produkten. Tsjin 2010 hie de franchise al $3 miljard opbrocht.
Terminator | ||
betinker | James Cameron Gale Anne Hurd | |
eigner | ûndúdlik / ferskaat (sjoch: franchiserjochten) | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 1984 | |
films | ||
langspylfilms | ● The Terminator ●Terminator 2: Judgment Day ● Terminator 3: Rise of the Machines ● Terminator: Salvation ● Terminator: Genisys ● Terminator: Dark Fate | |
tillefyzje | ||
searjes | ● Terminator: The Sarah Connor Chronicles ● Terminator Genisys: The YouTube Chronicles | |
tekenfilmsearjes | Terminator Salvation: The Machinima Series | |
spultsjes | ||
fideospultsjes | ferskaat (sjoch hjirre) | |
kaartspullen | The Terminator Collectible Card Game | |
literatuer | ||
romans | T2 (romansearje) | |
strips | ferskaat (sjoch hjirre) | |
muzyk | ||
soundtracks | ferskaat (sjoch hjirre) |