Terminator: Salvation
From Wikipedia, the free encyclopedia
Terminator: Salvation is in Amerikaanske post-apokalyptyske science fiction-aksje- en oarlochsfilm út 2009 ûnder rezjy fan McG, mei yn 'e haadrollen Christian Bale en Sam Worthington. De titel betsjut "Terminator: Ferlossing". It ferhaal folget Marcus Wright, in moardner dy't de deastraf kriget en syn stoflik omskot donearret oan 'e wittenskip, om fyftjin jier letter wekker te wurden yn in ferwoastge wrâld, dêr't de keunstmjittige yntelliginsje Skynet it meastepart fan 'e minskheid útrûge hat troch it gebrûk fan kearnwapens. Wright jout him by John Connor, de lieder fan it minsklike ferset yn 'e oarloch tsjin 'e masines, dy't risselwearret foar in, nei't er hopet, beslissende oanfal op it haadkertier fan Skynet. Terminator: Salvation wie de fjirde film út 'e Terminator-searje, en is as sadanich in direkt ferfolch op Terminator 3: Rise of the Machines, út 2003. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Oarspronklik wie it de bedoeling dat Terminator: Salvation it earste diel fan in trilogy wêze soe, mar troch it fallisemint fan filmstudio The Halcyon Company, letter yn 2009, rûnen dy plannen op 'e non. Ynstee waard yn 2015 Terminator: Genisys makke, as it earste diel fan in reboot-trilogy dy't likemin fan 'e grûn kaam.
Terminator: Salvation | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | McG | |
produsint | Derek Anderson Moritz Borman Victor Kubicek Jeffrey Silver | |
útfierend produsint | Andrew G. Vajna Mario Kassar | |
senario | John Brancato Michael Ferris | |
kamerarezjy | Shane Hurlbut | |
muzyk | Danny Elfman | |
filmstudio | Columbia Pictures The Halcyon Company Wonderland Sound and Vision | |
distribúsje | Warner Bros. (Noard-Amearika) Sony Pictures (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Christian Bale Sam Worthington | |
byrollen | Anton Yelchin Moon Bloodgood Bryce Dallas Howard Common (rapper) Michael Ironside Helena Bonham Carter | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 maaie 2009 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 115 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $196 miljoen | |
opbringst | $371,4 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Terminator | |
● foarich diel | Terminator 3: Rise of the Machines | |
● folgjend diel | Terminator: Genisys |