Súdwest-Fryslân
gemeente yn it westen en súdwesten fan 'e provinsje Fryslân / From Wikipedia, the free encyclopedia
Súdwest-Fryslân (Boalsertersk: Súdwest-Fryslaan[1]; Hylpersk: Súdwest-Fryslaand[2]; Snitsersk: Súdwest-Frysland[3]; Starumersk: Súúdwest-Frysland[3]) is in gemeente yn it westen en súdwesten fan 'e provinsje Fryslân. Dizze gemeente kaam op 1 jannewaris 2011 ta stân troch in fúzje fan 'e fiif eardere gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel. Yn 2014 waard Súdwest-Fryslân útwreide mei in diel fan 'e gemeente Boarnsterhim, en yn 2018 kaam sawat de helte fan Littenseradiel derby. Op 1 jannewaris 2024 hie Súdwest-Fryslân 90.436 ynwenners (boarne:CBS). De gemeente beslacht in oerflak fan likernôch 910 km², wêrfan rûchwei 385 km² wetter.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Súdwest-Fryslân | |
---|---|
De haven fan Snits. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Súdwest-Fryslân | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Jannewietske de Vries (PvdA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Snits |
grutste plak | Snits |
ynwennertal | 90.436 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 98,4 / km² |
oerflak | 909,95 km² |
tal stêden | 6 |
tal doarpen | 83 |
ferkearsieren | A7,A31 N354, N359 |
skiednis | |
oprjochte | 2011 |
oant 1851 | Gemeente Boalsert Gritenij Doanjewerstâl (diel) Gemeente Drylts Gemeente Hylpen Grit. Himmelumer Aldefurd Gemeente Snits Gemeente Starum Gemeente Warkum Gritenij Wymbritseradiel Gritenij Wûnseradiel |
1851 – 1984 | Gem. Boalsert Gem. Doanjewerstâl (diel) Gem. Drylts Gem. Hylpen Gem. Himm. Aldefurd Gem. Snits Gem. Starum Gem. Warkum Gem. Wymbritseradiel Gem. Wûnseradiel |
1984 – 2011 | Gem. Boalsert Gem. Nijefurd Gem. Snits Gem. Wymbritseradiel Gem. Wûnseradiel |
oar | |
netnûmer | 0514, 0515, 0517 |
postkoade | 8529–8774, 9012–9014 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.gem...sudwestfryslan.nl |
Slute