![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/f/f3/Sneek_Waterpoort_16.jpg/640px-Sneek_Waterpoort_16.jpg&w=640&q=50)
Snits (gemeente)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Snits (Nederlânsk en offisjeel: Sneek) is in eardere gemeente 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't bestie út 'e stêd Snits mei syn klokslach en (sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1984) trije doarpen, te witten: Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier. De gemeente hie op 1 jannewaris 2010 in befolking fan 33.427 minsken, en besloech in oerflak fan 34,03 km², wêrfan 3,4 km² oerflaktewetter. Snits krige yn 1292 stedsrjochten, wat beskôge wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Op 1 jannewaris 2011 fusearre de gemeente Snits mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Wymbritseradiel en Wûnseradiel ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân, wêrfan't de stêd Snits it haadplak waard.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Snits | |
---|---|
![]() De Wetterpoarte, it symboal fan Snits. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() Wapen fan Snits |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
sifers en geografy | |
haadplak | Snits |
grutste plak | Snits |
ynwennertal | 33.427 (2010) |
befolkingstichtens | 1.096,0 / km² |
oerflak | 34,03 km² |
● wêrfan lân | 30,50 km² |
● wêrfan wetter | 3,35 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 3 |
ferkearsieren | A7, N354 |
skiednis | |
oprjochte | 1292 |
1984 | útwreide mei Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier |
opheft | 2011 |
opgien yn | ![]() |
no part fan | ![]() |
oar | |
netnûmer | 0515 |
postkoade | 8600–8633 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.sneek.nl |
Slute
Dizze side giet oer de eardere gemeente Snits. Foar de stêd, sjoch: Snits.