Sjajinsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Sjajinsk (Ingelsk: Cheyenne, útspr.: [ʃejɛ:n]; Sjajinsk: Tséhesenéstsestotse, útspr.: [ʦɪhɪsɪnɪsʦɪstoʦɪ], gauris ferbastere ta Tsisinstsistots) is de lânseigen taal fan 'e Sjajinnen, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It wurdt noch sprutsen yn 'e Amerikaanske steaten Montana en Oklahoma, mar it hat nearne in offisjele status, noch genietet it erkenning. Hoewol't it mei it Sjajinsk sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw slim yn it neigean rekke is, is it mei in sprekkersoantal fan tusken de 2.500 en 3.000 dochs noch ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen fan 'e Feriene Steaten.
Fluch de feiten
Sjajinsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Cheyenne | |
eigen namme | Tsėhesenėstsestotse | |
lânseigen yn | ![]() | |
tal sprekkers | 2.500-3.000 (2014) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Algysk ● Algonkwynsk ● Flakte-Algonkwynsk ● Sjajinsk ● Sjajinsk | |
dialekten | Noardlik Sjajinsk, Súdlik Sjajinsk, (?) Sûtajo † | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | chy | |
ISO 639-3 | chy |
Slute