From Wikipedia, the free encyclopedia
It Sûtajo (Ingelsk: Sutaio; Sjajinsk: So’taa’e; Sûtajo: Šǔ’tai) is de útstoarne taal fan 'e Sûtajo, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat om 1850 hinne opgien is yn 'e Súdlike Sjajinnen.
Sûtajo | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Sutaio | |
eigen namme | Šǔ’tai | |
lânseigen yn | Feriene Steaten | |
tal sprekkers | † (útstoarn yn 'e 19e iuw) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Algysk ● Algonkwynsk ● Flakte-Algonkwynsk ● Sjajinsk ● Sûtajo | |
dialekten | gjint |
Tegearre mei it nau besibbe Sjajinsk foarmet it Sûtajo de Sjajinske taalgroep fan 'e Algonkwynske talen. Hoe nau oft it Sjajinsk en it Sûtajo krekt besibbe wiene, is net alhiel dúdlik. Sjajinske boarnen binne der ienriedich oer dat de Sûtajo "in Sjajinske taal" sprieken, d.w.s., in taalfoarm dy't sa nau mei it Sjajinsk besibbe wie, dat se it noch neikomme koene, sij it mei muoite. It is lykwols ûnwis oft it dêrby om twa nau besibbe talen gie, of dat it Sûtajo in wat ôfwikend Sjajinsk dialekt wie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.