From Wikipedia, the free encyclopedia
Stasjon Warkum (Wk) is it spoarstasjon fan it stedsje Warkum yn de Súdwesthoeke.
Stasjon Warkum | ||
It Stasjon Warkum (2007) | ||
lokaasje | ||
gemeente | Súdwest Fryslân | |
plak | Warkum | |
adres | Paralelwei 4 | |
koördinaten | 52° 58' NB, 5° 27' EL | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Wk | |
type | standerttype Snits (1883-1973) abry | |
iepening | 28 novimber 1885 | |
boujier | 1883 (earste stasjonsgebou) 1973 (abry) | |
sloopjier | 1973 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 (eilânperron) | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | spoar fan Ljouwert nei Starum | |
offisjele webside | ||
NS:Stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It stasjon waard iepene op 8 novimber 1885 en leit oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. It stasjon wurdt betsjinne troch Arriva persoaneferfier.
It stasjonsgebou út 1883 waard yn 1973 ferfongen troch in abry.
It oarspronklike stasjonsgebou waard op 8 november 1885 iepene[1] en hearde ta it Standerttype Snits. Dat gebou hie wachtkeamers foar de earste, twadde en tredde klasse, en loketten. It midpart waard bewenne troch de stasjonsmaster. It gebou waard yn 1973 sloopt en ferfongen troch in abry.
Yn de jierren 60 wiene der plannen en slút de spoarline Snits - Starum, dêr't ek it stasjon Warkum sletten troch wurde soe. Om dat te foarkommen, ward op 22 desimber 1969 in protestmars - in deakistewein ynbegrepen - holden. Lang om let besleat steatssekretaris Keyzer dat de spoarline iet ferdwine soe.[2]
Rûte | Tsjinst | Undernimmer | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
Ljouwert - Starum | Stoptrein | Arriva | 2x it oere (spitsoeren) - oars: 1x it oere (2023)* |
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.