Star Trek: Generations
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Trek: Generations is in Amerikaanske science fiction-film út 1994 ûnder rezjy fan David Carson, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, William Shatner en Malcolm McDowell. It wie de sânde film út 'e Star Trek-filmsearje, mar de earste dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Generaasjes". It ferhaal giet oer de psychopatyske wittenskipper Tolian Soran dy't genoside begean wol om himsels werom te bringen yn in steat fan ivige loksilligens. Om dat tsjin te kearen smyt kaptein Jean-Luc Picard fan 'e USS Enterprise-D de lapen gear mei kaptein James T. Kirk fan 'e USS Enterprise-A. Star Trek: Generations krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar prestearre ridlik yn 'e bioskopen.
Star Trek: Generations | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | David Carson | |
produsint | Rick Berman | |
senario | Ronald D. Moore Brannon Braga | |
basearre op | Star Trek: The Next Generation fan Gene Roddenberry | |
kamerarezjy | John A. Alonzo | |
muzyk | Dennis McCarthy | |
filmstudio | Paramount Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Patrick Stewart William Shatner Malcolm McDowell | |
byrollen | Jonathan Frakes Brent Spiner LeVar Burton Michael Dorn Marina Sirtis Gates McFadden | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 18 novimber 1994 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 118 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $35 miljoen | |
opbringst | $118,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Trek (filmsearje) | |
● foarich diel | Star Trek VI: The Undiscovered Country | |
● folgjend diel | Star Trek: First Contact |