Star Trek: First Contact
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Trek: First Contact is in Amerikaanske science fiction-film út 1996 ûnder rezjy fan Jonathan Frakes, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, Frakes sels en Brent Spiner. It wie de achtste film út 'e Star Trek-filmsearje, en de twadde dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Earste Kontakt". It ferhaal folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise as se werom yn 'e tiid reizgje om 'e ferovering fan 'e Ierde troch de grizelige, sybernetyske, bûtenierdske ras fan 'e Borg tsjin te kearen. Star Trek: First Contact krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste Star Trek-films dy't ea makke is. Yn 'e bioskopen wie de film ek in kommersjeel súkses. Star Trek: First Contact wûn trije Saturn Awards en waard nominearre foar de Oscar foar bêste fisazjy.
Star Trek: First Contact | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jonathan Frakes | |
produsint | Rick Berman Marty Hornstein Peter Lauritson | |
senario | Brannon Braga Ronald D. Moore | |
basearre op | Star Trek: The Next Generation fan Gene Roddenberry | |
kamerarezjy | Matthew F. Leonetti | |
muzyk | Jerry Goldsmith Joel Goldsmith | |
filmstudio | Paramount Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Patrick Stewart Jonathan Frakes Brent Spiner | |
byrollen | Michael Dorn Marina Sirtis LeVar Burton Gates McFadden Alice Krige James Cromwell Alfre Woodard | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 novimber 1996 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 111 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $45 miljoen | |
opbringst | $146 miljoen | |
prizen | 3 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Trek (filmsearje) | |
● foarich diel | Star Trek: Generations | |
● folgjend diel | Star Trek: Insurrection |