Star Trek VI: The Undiscovered Country
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Trek VI: The Undiscovered Country is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 1991 ûnder rezjy fan Nicholas Meyer, mei yn 'e haadrollen William Shatner, Leonard Nimoy en DeForest Kelley. De ûndertitel betsjut "It Unûntdutsen Lân", in sitaat út Hamlet fan Shakespeare, dat ferwiist nei de takomst. It ferhaal folget kaptein Kirk, Spock, dokter McCoy en de oare bemanningsleden fan it romteskip de USS Enterprise as se in fearnsjier foar harren pinsjonearring útstjoerd wurde yn tarieding op fredesûnderhannelings mei de Klingons, in bûtenierdsk ras dêr't se mear as fjirtich jier tsjin fochten hawwe. Star Trek VI: The Undiscovered Country wie de sechsde en lêste film yn 'e Star Trek-filmrige dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Star Trek VI: The Undiscovered Country | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Nicholas Meyer | |
produsint | Ralph Winter Steven-Charles Jaffe | |
útfierend produsint | Leonard Nimoy | |
senario | Nicholas Meyer Denny Martin Flinn | |
basearre op | Star Trek: The Original Series fan Gene Roddenberry | |
kamerarezjy | Hiro Narita | |
muzyk | Cliff Eidelman | |
filmstudio | Paramount Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | William Shatner Leonard Nimoy DeForest Kelley | |
byrollen | James Doohan Nichelle Nichols George Takei Walter Koenig Kim Cattrall Christopher Plummer | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 6 desimber 1991 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 110 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $27 miljoen | |
opbringst | $96,9 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Trek | |
● foarich diel | Star Trek V: The Final Frontier | |
● folgjend diel | Star Trek: Generations |