Sophia Loren
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sophia Loren, berne as Sofia Villani Scicolone (Rome, 20 septimber 1934) is in Italjaansk aktrise.
Sy hikke yn Pozzuoli yn de omkriten fan Napels.
Mei 14 jier wûn hja in priis yn in skientmewedstryd. In stikmannich jierren letter waard hja by noch sa'n ferkiezing opmurken troch filmprodusint Carlo Ponti, dy't har in screentest dwaan liet. Yn 1954 spile se har earste filmrol yn de film L'Oro di Napoli fan Vittorio de Sica en yn 1957 spile hja yn har earste Ingelsktalige film The Pride and The Passion mei Cary Grant en Frank Sinatra.
By de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Winterspullen 2006, yn Turyn, wie Loren ien fan de acht froulju dy't de Olympyske flagge it stadion yn drage mocht.