From Wikipedia, the free encyclopedia
Roger Ebert (folút: Roger Joseph Ebert; Urbana (Illinois), 18 juny 1942 – Chicago, 4 april 2013) wie in Amerikaansk sjoernalist, senarioskriuwer en presintator dy't him ûntjoech ta ien fan 'e meast ynfloedrike en foaroansteande filmkritisy fan 'e Feriene Steaten. Hy wie de earste filmkritikus dy't de Pulitzerpriis foar Krityk wûn. Syn hiele wurksume libben wie Ebert ferbûn oan 'e krante de Chicago Sun-Times. Tegearre mei syn kollega Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune presintearre er de tillefyzjefilmrubryk Sneak Previews en letter At the Movies. Nei it ferstjerren fan Siskel yn 1999 gie Ebert in nije en soartgelikense gearwurking oan mei Richard Roeper. Yn 2006 rekke er swier skeind troch kanker en fan dy tiid ôf koed er net mear op normale wize prate; nettsjinsteande dat sette er syn wurkpaad as skriuwend filmkritikus fuort oant syn dea sân jier letter.
Roger Ebert | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Roger Joseph Ebert | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 18 juny 1942 | |
berteplak | Urbana (Illinois) | |
stoarn | 4 april 2013 | |
stjerplak | Chicago (Illinois) | |
etnisiteit | Dútsk Iersk Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist, senarioskriuwer | |
aktyf as | filmkritikus, filmhistoarikus | |
jierren aktyf | 1967 – 2013 | |
bekendste wurk(en) | The Great Movies Beyond the Valley of the Dolls Life Itself: A Memoir | |
prizen | Pulitzerpriis foar Krityk 1975 | |
offisjele webside | ||
rogerebert.com |
Ebert waard yn 1942 berne yn Urbana yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as it ienlingsbern fan Walter Harry Ebert (1901-1960), in elektrisiên, en dy syn frou Anabel Stumm (1911-1987), in boekhâldster. Syn pake en beppe oan heitekant wiene etnysk Dútske ymmigranten, wylst syn mem fan Iersk en Nederlânsk komôf wie. Ebert waard grutbrocht as in roomsk-katolyk, hoewol't er op lettere leeftyd in grut part fan syn leauwe kwytrekke en himsels as agnost en humanist beskôgje soe.
Fuortset ûnderwiis folge Ebert oan 'e Urbana High School. Yn dy tiid oppenearre syn belangstelling foar sjoernalistyk him foar it earst doe't er mei fyftjin jier ferslaggen fan sportwedstriden begûn te skriuwen foar The News-Gazette, in pleatslike krante yn it oan Urbana grinzgjende Champaign. Yn syn eksamenjier wied er ek redakteur fan 'e skoalkrante The Echo. Wylst er noch op 'e middelbere skoalle siet, begûn Ebert al kolleezjes te folgjen oan 'e Universiteit fan Illinois te Urbana-Champaign.
Nei't er yn 1960 slagge wie foar syn eineksamens, learde er dêr troch en ûntfong yn 1964 in bachelorgraad. Yn syn studintetiid skreau er foar The Daily Illini, de universiteitskrante, dêr't er yn oktober 1961 ek syn earste filmresinsje yn pleatste (oer La Dolce Vita). Yn 1964-1965 brocht Ebert in jier troch oan 'e Universiteit fan Kaapstêd yn Súd-Afrika, wêrnei't as doktoraalstudint akseptearre waard oan 'e Universiteit fan Chicago.
Doe't Ebert foar syn doktoraalstúdzje nei Chicago ferhuze, hied er ferlet fan in baan om yn syn libbensûnderhâld te foarsjen, dat hy sollisitearre by de Chicago Daily News, in krante dêr't er op freelance-basis al ferskate artikels oan sliten hie. Haadredakteur Herman Kogan hie gjin wurk foar him, mar joech him ynstee in referinsje mei foar in sollisitaasje by Jim Hoge, it haad fan 'e stedsredaksje fan 'e Chicago Sun-Times. Dêr waard Ebert oannommen, en hy wurke der in jier lang as algemien sjoernalist wylst er syn frije tiid bestege oan it skriuwen fan syn proefskrift. Doe't filmkritika Eleanor Keane yn april 1967 by de Sun-Times wei gie, skode haadredakteur Robert Zonka dat wurk troch nei Ebert. It die bliken dat it net te rissen wie om tagelyk filmkritikus te wêzen en in doktoraalstúdzje te dwaan, dat Ebert besleat om syn stúdzje deroan te jaan en him folslein op syn nije wurk ta te lizzen.
Ebert begûn al rillegau namme te meitsjen mei syn ynsichtlike en djipdollende filmkritiken. Fan 1968 ôf wied er ek aktyf as gastdosint oan 'e Universiteit fan Chicago, dêr't er in jûnskolleezje joech oer filmkeunst. Yn 1975 wûn er mei syn wurk de Pulitzerpriis foar Krityk, en wie dêrmei de earste filmkritikus dy't dy priis ûntfong. Fan oktober 1986 ôf skreau Ebert behalven foar de Chicago Sun-Times ek foar de New York Post, as opfolger fan Rex Reed. Yn 2005 waard er de earste filmkritikus dy't in stjer krige op 'e Hollywood Walk of Fame op Hollywood Boulevard. Anno 2007 waarden syn filmresinsjes yn mear as 200 kranten yn 'e Feriene Steaten en om utens ôfprinte. De artikels fan Ebert waarden yn ferskate bondels werútjûn, wêrûnder The Great Movies diel I oant en mei IV (2002-2016) fan syn favorite films, mar ek ferskate boeken mei resinsjes fan films dêr't er neat fan hawwe moast, lykas I Hated, Hated, Hated this Movie (2000), Your Movie Sucks (2007) en A Horrible Experience of Unbearable Length (2012).
Ebert wie ek as senarioskriuwer aktyf. Sa skreau er mei Russ Meyer it skript foar de cultfilm Beyond the Valley of the Dolls (1970). Hy makke dêr soms grapkes oer, mei't dy film by syn premiêre tige min ûntfongen waard troch de filmkritisy. Mei Meyer skreau Ebert ek de senario's foar Up! (1976), Beneath the Valley of the Ultra-Vixens (1979) en inkele oare films. Teffens wiene se belutsen by de needlottige want nea foltôge film oer de band Sex Pistols, Who Killed Bambi?
Yn 1975 begûnen Ebert en syn kollega Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune tegearre de filmrubryk Sneak Previews op 'e regionale tillefyzjestjoerder WTTW yn Chicago, en letter ek op 'e Amerikaanske nasjonale tillefyzje by PBS. It duo waard ferneamd om 'e 'tomme omheech'- of 'tomme omleech'-konklúzjes fan harren resinsjes. Se betochten de fraze "twa tommen omheech", foar as se it allebeide in goede film fûnen. Yn 1982 giene se by PBS wei en brochten se yn syndikaasje in nije filmrubryk op 'e Amerikaanske tillefyzje, At the Movies with Gene Siskel & Roger Ebert. Doe't dat programma yn 1986 ferhuze nei Buena Vista Television, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company, kaam it Siskel & Ebert & the Movies te hjitten.
Nei't Siskel yn 1999 kaam te ferstjerren, waard it programma in seizoen lang presintearre troch Ebert en in tal gastpresintators. Yn septimber 2000 waard Richard Roeper de fêste ko-presintator, en kaam it programma At the Movies with Ebert & Roeper te hjitten. Ebert beëinige syn wurk foar Disney, doe't de studio yn 2008 mei de filmrubryk in nije rjochting ynslaan woe. De lêste ôflevering fan At the Movies waard útstjoerd yn augustus 2010. Ebert kundige oan mei koarten mei in nije filmrubryk komme te sillen, wat syn beslach krige yn jannewaris 2010, doe't Ebert Presents: At the Movies op 'e tillefyzje kaam. Dat bestie út in koart segment dat Roger's Office hiet, mei in resinsje skreaun troch Ebert dy't foarlêzen waard troch Bill Kurtis, en tradisjonelere resinsjes troch Christy Lemire en Ignatiy Vishnevetsky.
Ebert troude yn 1992, doe't er fyftich jier wie, mei de Afro-Amerikaanske abbekate Chaz Hammelsmith. Yn syn autobiografy Life Itself lei er letter út dat er nea doarst hie te trouwen foar't syn mem stoarn wie, mei't er deabenaud wie om wat te dwaan dêr't sy it net mei iens wie. Yn in blôch dat er yn july 2012 op syn webside RogerEbert.com publisearre, makke Ebert koart foar syn dea buorkundich hoefolle oft er fan syn frou hold en hoe gelokkich er mei har wie.
Ebert wie alkoholist oant er yn 1979 alle ynnimmen fan alkohol ôfswarde. Hy wie in freon (en hiel koart ek in frijer) fan Oprah Winfrey. Neffens har wie hy dejinge dy't har beprate om har praatprogramma The Oprah Winfrey Show yn syndikaasje op 'e tillefyzje te bringen, in beslissing dy't de grûnslach fan al har lettere súksessen foarme.
Yn 2002 waard by Ebert skyldklierkanker fêststeld, wêrnei't by him de skyldklier operatyf ferwidere waard. Yn 2003 moast er wer ûnder it mês doe't útsieddings nei syn flibeklieren fêststeld wiene, folge troch bestrieling. Yn 2006 kaam de kanker werom en moast syn ûnderkaak ferwidere wurde, mei as gefolch dat er neitiid in tige skeind uterlik hie en net mear normaal prate of ite koe. Yn 2007 gied er lykwols wer oan it wurk, al moast er tenei kommunisearje fia syn frou of troch op te skriuwen wat er oppenearje woe. Nei ferrin fan tiid begûn er in kompjûterstimsysteem te brûken foar kommunikaasje, dêr't letter syn eigen stim foar brûkt waard út eardere lûdsopnamen. Yn 2008 ûndergied er in nije operaasje om sels wer prate te kinnen, mar dat mislearre. Tsjin 2011 hied er in kinproteze om 'e skea fan alle eardere operaasjes oan 'e ûnderste helte fan syn gesicht wat te behimmeljen.
Yn desimber 2012 rekke Ebert wer yn it sikehûs, diskear fanwegen in brutsen heup. Dy ferwûning wie feroarsake, sa die bliken troch bonkemetastaze as gefolch fan kanker. Roger Ebert kaam op 4 april 2013 yn 'e âlderdom fan 70 jier te ferstjerren yn in sikehûs yn syn wenplak Chicago, koart foar't er dêrwei soe nei in hospys foar palliative soarch. Op 8 april wennen hûnderten minsken syn begraffenis by yn 'e Katedraal fan 'e Hillige Namme yn Chicago.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.