From Wikipedia, the free encyclopedia
Random House is in Amerikaanske útjouwerij dy't oprjochte waard yn 1927 en fêstige is yn New York (om persiis te wêzen oan Broadway 1745 yn Manhattan). It is hjoed de dei de grutste útjouwerij fan algemiene literatuer yn 'e wrâld. Sûnt 1998 is Random House eigendom fan Bertelsmann AG, en it makket diel út fan Penguin Random House, in joint venture fan Bertelsmann en Pearson PLC. Njonken syn (wichtichste) útjouwerijtûke omfiemet Random House ek in entertainmentproduksjetûke op it mêd fan tillefyzje en film, dy't Random House Studio hjit. Fierders produsearret dy difyzje ek eftergrûnkontekst (de "ferhaallinen") foar fideospultsjes, sosjale ynternetmedia en mobile platfoarms.
Random House | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | publyk | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 1927 | |
oprjochter | Bennett Cerf en Donald Klopfer | |
eigner | Bertelsmann AG | |
mem | Penguin Random House | |
dochters | sjoch ûnder difyzjes en ymprints | |
sifers | ||
winst | €2,142 miljard (2012) | |
aktyf yn | hiele wrâld | |
wurknimmers | 5.700 (2012) | |
offisjele webside | ||
www.randomhouse.com |
Random House waard yn 1927 oprjochte troch de Amerikaanske útjouwers Bennet Cerf en Donald Klopfer, twa jier nei't dy de Modern Library-ymprint (foar werútjeften fan literêre klassiken) oernommen hiene fan Horace Liveright. Cerf sei dêroer: "We seine tsjininoar dat we as njonkenaktiviteit gewoan op willekeurige basis in pear boeken útjaan soene." En út dy útspraak soe de namme Random House (random is Ingelsk foar "willekeurich") berne wêze. Yn 1947 joech Random House foar it earst in wurdboek út, te witten it American College Dictionary, dat yn 1966 folge waard troch Random House syn earste ûnferkoarte wurdboek fan 'e Ingelske taal. Tsjintwurdich hearre it Random House Dictionary of the English Language en it Random House Webster's College Dictionary ta de heechst oanskreaune wurdboeken dy't yn 'e Feriene Steaten útjûn wurde.
De earste grutte oernames fan oare útjouwerijen troch Random House wiene dy fan Alfred A. Knopf, Inc. yn 1960 en fan Pantheon Books yn 1961. Letter folgen noch withoefolle oaren, wêrfan't de bekendsten Ballantine Books, Bantam Books, Dell Publishing, Doubleday Publishing en Transworld Publishers binne. Random House giet noch altyd troch mei it útbringen fan titels ûnder de nammen fan 'e oernommen útjouwerijen, dy't sadwaande no ymprints wurden binne. Sels waard Random yn 1998 oernommen troch it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG, dat dêrnei yn 2013 in joint venture oangie mei it Britske Pearson PLC troch Random House en de Penguin Group tegearre ûnder te bringen by Penguin Random House.
In opsomming fan 'e difyzjes en ymprints fan Random House:
(entertainmentproduksjetûke op it mêd fan tillefyzje en film; produsearret dy difyzje ek eftergrûnkontekst (de "ferhaallinen") foar fideospultsjes, sosjale ynternetmedia en mobile platfoarms)
(yn 'e Feriene Steaten)
(om utens)
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.