Rambo (franchise)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Rambo is in Amerikaanske mediafranchise dy't bestiet út in filmsearje fan aksjefilms en ferskate adaptaasjes ta oare media. It oarspronklike wurk wie de film First Blood, better bekend as Rambo, oer John Rambo, in traumatisearre kommando út it Amerikaanske Leger en in feteraan út 'e Fjetnamoarloch. De film waard basearre op 'e roman First Blood fan skriuwer David Morrell, en wie sa'n súkses dat der neitiid fjouwer ferfolchfilms op makke waarden. De Rambo-franchise omfiemet fierders ferboekings, soundtrackalbums, in tekenfilmsearje, fideospultsjes en strips. Der is fan 'e oarspronklike film First Blood ek in autorisearre remake makke troch de Yndiaaske filmyndustry fan Bollywood. Anno 2020 hie de Rambo-filmsearje allinne al $819 miljoen opbrocht.
Rambo | ||
![]() | ||
betinker | David Morrell | |
eigner | Lionsgate Films | |
lân | ![]() | |
begjinjier | 1982 | |
einjier | 2019 | |
films | ||
langspylfilms | ● First Blood ● Rambo: First Blood Part II ● Rambo III ● Rambo ● Rambo: Last Blood | |
tillefyzje | ||
tekenfilmsearjes | Rambo: The Force of Freedom | |
spultsjes | ||
fideospultsjes | ferskaat, sjoch hjirre | |
literatuer | ||
romans | ● First Blood ● Rambo: First Blood Part II ● Rambo III | |
strips | ferskaat, sjoch hjirre | |
muzyk | ||
soundtracks | ● First Blood ● Rambo: First Blood Part II ● Rambo III ● Rambo ● Rambo: Last Blood |