Kommando
From Wikipedia, the free encyclopedia
In kommando is in soldaat út in karkloft fan 'e lichte ynfantery of fan in spesjale ienheid fan 'e lânmacht (of soms fan oare kriichsmachtûnderdielen). Sokken hawwe in swiere trening ûndergien en kinne dêrtroch ûnder alle omstannichheden en mei alle middels út 'e fuotten. Spesjaliteiten binne gauris dingen as amfibyske lâningsoperaasjes, parasjutespringen, abseilen en skerpsjitten.
- Dizze side giet oer kommando yn 'e sin fan in lid fan in militêre elite-ienheid. Foar oare betsjuttings, sjoch: kommando (betsjuttingsside).