From Wikipedia, the free encyclopedia
Pinyin, formeel Hànyǔ pīnyīn (ferienfâldige Sineesk: 汉语拼音; tradisjoneel Sineesk: 漢語拼音; útspr.: [xân.ỳ pʰín.ín], likernôch: "channú p'hynyn" of, minder gebrûklik: [xân.ỳ pʰín.jín], likernôch: "channú p'hynjyn"), is in transliteraasjesysteem dat bedoeld is om Sineesktalige nammen, wurden of hiele teksten om te letterjen fan Sineeske karakters (Hanzi) nei it Latynske alfabet. Sûnt 1958 is dit yn 'e Folksrepublyk Sina it standertsysteem foar transliteraasje, en yn 2009 waard it ek as sadanich ynfierd yn Taiwan. Pinyin waard boppedat yn 1982 troch de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) fêststeld as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet. Sadwaande is it ynternasjonaal yn gebrûk foar ûnderwiis yn it Mandarynsk, de wichtichste fan 'e Sinityske talen. Dêrnjonken wurdt pinyin brûkt as standert foar in protte inputmetoaden om op 'e kompjûter yn Sineeske karakters te skriuwen (men typt de tekst dan yn pinyin, en it kompjûterprogramma jout dat op it byldskerm wer yn karakters). Pinyin omfiemet ek fjouwer opsjonele diakrityske tekens dy't op 'e fokalen pleatst wurde kinne om 'e toan oan te jaan (Sineesk is in tonale taal), mar yn 'e measte teksten wurde dy toantekens út 'e transliteraasje weilitten. De namme 'Hànyǔ pīnyīn' betsjut "stavere lûden" (pīnyīn) fan "de sprutsen taal fan 'e Han-(Sinezen)" (Hànyǔ).
It Pinyin-systeem waard yn 'e 1950-er jierren gearstald troch ferskate taalkundigen út 'e Folksrepublyk Sina, yn opdracht en ûnder tafersjoch fan it regear fan dat lân. Dejinge dy't fan alle belutsenen de grutste ynfloed hie, wie Zhou Youguang, dy't gauris oantsjut wurdt as "de heit fan pinyin". Zhou wurke as bankier yn New York, mar doe't yn 1949, oan 'e ein fan 'e Sineeske Boargeroarloch, de Folksrepublyk útroppen waard, kearde er werom nei hûs om mei te helpen by de weropbou fan syn heitelân. Yn Sina klom er op ta perfester yn 'e ekonomy oan 'e universiteit fan Sjanghai. Doe't fanút it Ministearje fan Underwiis yn 1955 in Komitee foar de Herfoarming fan 'e Sineeske Skreaune Taal oprjochte waard, parte premier Zhou Enlai oan Zhou Youguang de taak ta om in nij transliteraasjesysteem foar omstavering nei it Latynske alfabet te betinken, ek al wied er gjin taalkundige.
Zhou en syn meiwurkers giene út fan 'e grûnslach dy't lein wie troch ferskate eardere transliteraasjesystemen, lykas Gwoyeu Romatzyh út 1928 en Latinxua Sin Wenz út 1931. Dêrby waarden guon eleminten (benammen de diakrityske tekens) foege út it zhuyin-systeem (ek bekend as bopomofo), dat in spesjaal fonetysk skrift is dat yn 1918 yn Sina ynfierd waard. Zhou sei dêr letter sels oer: "Ik bin net de heit fan pinyin; ik bin de soan fan pinyin. It is [it resultaat fan] in lange tradysje fan 'e ein fan 'e Qing-dynasty ôf oan hjoed de dei ta. Mar we hawwe it fraachstik op 'e nij besjoen en op 'e nij ûndersocht en [de oplossing] perfeksjonearre." Op 12 febrewaris 1956 waard de earste kladferzje fan pinyin publisearre, en op 11 febrewaris 1958 waard it yn 'e tuskentiid fierder útwurke systeem goedkard en oannommen troch it 1e Nasjonale Folkskongres.
Neitiid waard it transliteraasjesysteem daliks yntrodusearre op 'e legere skoallen yn 'e Folksrepublyk, as in metoade om 'e útspraak fan it Standertmandarynsk oan te learen yn gebieten dêr't de lju in oare Sinityske taal of in minderheidstaal sprieken. Ek waard it brûkt as middel om analfabetisme te bestriden, mei't it Latynske alfabet folle makliker en flugger oanleard wurde kin as Sineeske karakters. Pinyin ferfong yn it Sineeske ûnderwiis âldere transliteraasjesystemen, lykas zhuyin. Nei de yntroduksje waard it pinyin-systeem noch ferskate kearen op 'e nij besjoen, wêrby't der lytse oanpassings yn oanbrocht waarden.
Fan 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren ôf begûnen publikaasjes út 'e Westerske wrâld dy't oer it fêstelân fan Sina giene, it pinyin-systeem te brûken. It kaam dêrby yn it plak fan âldere transliteraasjestelsels, lykas Wade-Giles (yntrodusearre troch Thomas Wade yn 1859 en yngeand oanpast troch Herbert Giles yn 1892). Dat systeem wie oant 1979 tige populêr yn Ingelsktalige publikaasjes dy't bûten Sina ferskynden. De oerstap op pinyin folge op 'e normalisearring fan 'e diplomatike relaasjes tusken de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina yn 1979. De Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) fierde pinyin yn 1982 yn as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet, en de Feriene Naasjes diene itselde yn 1986.
Neitiid waard pinyin ek offisjeel akseptearre troch ferskate oare ynternasjonale organisaasjes en troch it regear fan Singapoer, dêr't de mearderheid fan 'e befolking út etnyske Sinezen bestiet en it Sineesk ien fan 'e fjouwer offisjele talen is. Yn 2009 waard pinyin ek yn Taiwan ynfierd, mar guon stêden, bedriuwen en organisaasjes, benammen yn it suden fan it lân, wiene it dêr net mei iens en wegeren om pinyin te brûken. Sadwaande is it op Taiwan noch altyd ien fan ferskate transliteraasjesystemen dy't yn gebrûk binne.
Tsjintwurdich is it oer it algemien wenst om Sineeske toponimen en persoansnammen, fral as dy fan it Sineeske fêstelân komme, yn it Latynske skrift te staverjen neffens de transliteraasje fan it pinyin-systeem. In foarbyld is de feroaring fan 'e stavering fan 'e bekende kommunistyske foaroanman en oprjochter fan 'e Folksrepublyk, dy't foarhinne Mao Tse-tung hiet (neffens it Wade-Giles-systeem), mar tsjintwurdich oer it algemien oantsjut wurdt as Mao Zedong (neffens it pinyin-systeem). Yn 'e Folksrepublyk is pinyin no ek fierwei de meast brûkte inputmetoade om op 'e kompjûter yn Sineeske karakters te skriuwen (men typt de tekst dan yn pinyin, en it kompjûterprogramma jout dat op it byldskerm wer yn karakters). Op Taiwan wurdt dêrfoar noch it meast zhuyin (bopomofo) brûkt.
Pinyin is in staveringssysteem dat eigen fonetyske wearden takent oan 'e ûnderskate letters fan it Latynske alfabet, krekt sa't talen dat dogge dy't allinnich mar yn dat alfabet skreaun wurde. Ek tusken sokke Westerske talen besteane dêrtroch by deselde letter ferskillen yn útspraak. Sa wurdt de letter z yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk útsprutsen as de fonetyske [z] fan "raze", wylst dyselde letter yn it Dútsk en Italjaansk stiet foar de [ʦ] fan "tsiis". As men Sineesk lêst dat werjûn is yn pinyin, moat men der dus net fan útgean dat de letters dy't brûkt wurde, deselde fonetyske wearde hawwe as yn it Frysk. Fral de letters c, q, x en z hawwe yn pinyin in foar Friezen ûngebrûklike fonetyske wearde, en kinne jin dêrom flink ferrifelje.
In lytser ferskil is dat it Standertmandarynsk, de foarm fan Sineesk dy't ornaris mei pinyin werjûn wurdt, net oer de klanken [b] (fan "bêd"), [d] (fan "dak") en [ɡ] (fan "goed") beskikt, wylst pinyin wol de letters b, d en g brûkt. Dy binne krekt as yn bgl. it Frysk yn pearen plofklanken keppele oan 'e p, t en k. Yn it Frysk en de measte oare Westerske talen is it ferskil dat de b, d en g stimhawwende plofklanken werjouwe, wylst p, t en k steane foar de stimleaze farianten fan dyselde plofklanken. Yn pinyin wurde letters fan 'e trije pearen net faninoar ûnderskaat troch stimhawwendheid en stimleazens, mar troch it al of net hawwen fan aspiraasje. Dat is it útsprekken mei in lichte h derefteroan, lykas Grinslanners faak dogge yn it bekende "Marthinithoren". Yn pinyin steane de b, d, g sadwaande foar de fonetyske [p] (fan "pet"), [t] (fan "tosk") en [k] (fan "kat"), wylst de p, t en k de aspirearre foarm fan dy fonemen werjouwe: [pʰ], [tʰ] en [kʰ]. (Dat ferskil yn útspraak komt ek yn bygelyks it Ingelsk foar, hoewol't it Ingelsk, krekt as it Frysk, dêropta ek pearen faninoar ûnderskaat op grûn fan stimhawwendheid en stimleazens.)
De letters z en c foarmje yn pinyin krekt sa'n selde pear, en wurde útsprutsen as [ʦ] (ts fan "tsiis") en [ʦʰ] (de aspirearre foarm fan ts). De z hat dêrmei yn pinyin dus deselde fonetyske wearde as yn it Dútsk en Italjaansk, en de fonetyske wearde fan 'e c hat wol wat wei fan hoe't dy letter útsprutsen wurdt yn 'e Slavyske talen dy't it Latynske alfabet brûke, lykas it Poalsk, Tsjechysk, Slowaaksk, Sloveensk en Kroätysk. Oare pearen fan ûnaspirearre en aspirearre klanken binne yn pinyin j en q, en zh en ch, dy't allegearre (alteast foar it Fryske ear) min ofte mear útsprutsen wurde as de tsj fan "tsjerke". De letters x en sh wurde min ofte mear útsprutsen as de sj fan "sjippe", wylst de h stiet foar de fonetyske [x] (ch fan "leech"), de w foar de [w] (w fan "skowe") en de y foar de [j] (j fan "jaan"). De r hat yn pinyin in wearde dy't wol wat liket op 'e Ingelske r. It liket miskien frjemd om 'e q út te sprekken as tsj en de x as sj, mar it komt wol mear foar: de q hat yn pinyin min ofte mear deselde útspraak as yn it Albaneesk, wylst de x yn pinyin min ofte mear deselde útspraak hat as yn it Portegeesk, Galisysk, Katalaansk, Baskysk en Malteesk.
Oars as by Westerske talen it gefal is, foarmje yn it Sineesk (en dêrom dus ek yn pinyin) net konsonanten en fokalen de grûneleminten fan 'e útspraak, mar de saneamde begjinklanken (inisjalen) en einklanken (finalen). Begjinklanken binne de konsonanten oan it begjin fan wurdlidden, wylst einklanken alle mooglike kombinaasjes binne fan letters dy't dêrop folgje. Einklanken kinne sadwaande bestean út in middenklank (mediaal) oftewol in healfokaal dy't foar de fokaal komt; in fokaal dy't de kearn fan it wurdlid foarmet; en in koda yn 'e foarm fan in ekstra fokaal of in konsonant oan 'e ein fan it wurdlid. Om in foarbyld te jaan: yn it twadde wurdlid fan 'pinyin' is y- de middenklank, -i- de kearn en -n de koda.
Begjinklanken besteane yn it Sineesk altyd út persiis ien konsonant; konsonantklusters dy't yn it Frysk hiel gewoan binne (bgl. "sprekke", "slak" of "strjitte" komme dus net foar. De einklanken einigje yn it Sineesk altyd op in fokaal of op ien fan 'e konsonanten [n] (n fan "net") of [ŋ] (ng fan "lang"). Utsûnderings op dy lêste regel binne it bysûndere oanslutende wurdlid -er en gefallen wêrby't de koda út in -r bestiet. Dat lêste is frij gewoan yn beskate Sineeske dialekten, mar komt yn it Standertmandarynsk mar komselden foar. In bekend foarbyld is de namme fan 'e stêd Harbin (ferienfâldige Sineesk: 哈尔滨; tradisjoneel Sineesk: 哈爾濱), dy't fan oarsprong net Sineesk is, mar ûntliend is oan 'e Mantsjoe-taal.
Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de folchoarder oanholden dy't pinyin oernommen hat fan it eardere zhuyin-systeem: b, p, m, f, d, t, n, l, g, k, h, j, q, x, zh, ch, sh, r, z, c, s.
pinyin | IPA | likernôch ekwivalint yn 'e útspr. fan it Frysk |
foarbyld | omskriuwing |
---|---|---|---|---|
b | [p] | "p" | Frysk: pet | de 'gewoane' p, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt |
p | [pʰ] | "p'h" | Ingelsk: pit | in p dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank |
m | [m] | "m" | Frysk: mis | de 'gewoane' m, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt |
f | [f] | "f" | Frysk: fak | de 'gewoane' f, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt |
d | [t] | "t" | Frysk: tin | de 'gewoane' t, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt |
t | [tʰ] | "t'h" | Ingelsk: take | in t dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank |
n | [n] | "n" | Frysk: net | de 'gewoane' n, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt |
l | [l] | "l" | Frysk: liet | de 'gewoane' l, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt, miskien wat mear foar yn 'e mûle útsprutsen, lykas yn it Nederlânsk |
g | [k] | "k" | Frysk: kaam | de 'gewoane' k, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt |
k | [kʰ] | "k'h" | Ingelsk: coal | in k dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank |
h | [x] | "ch" | Frysk: leech | de 'gewoane' ch, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt |
j | [ʨ] | "tsj" | Ingelsk: churchyard | de stimleaze alveolo-palatale affrikaat: likernôch de tsj fan "tsjerke", mar mei it sj-part fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen, mei de tonge tsjin 'e ein fan it hurde ferwulft oan |
q | [ʨʰ] | "tsj'h" | in stimleaze alveolo-palatale affrikaat (sjoch hjirboppe) dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank | |
x | [ɕ] | "sj" | Ingelsk: push yourself | de stimleaze alveolo-palatale sibilant: likernôch de sj fan "sjippe", mar fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen, mei de tonge tsjin 'e ein fan it hurde ferwulft oan |
zh | [ʈʂ] | "tsj" | Ingelsk: joke | de stimleaze retroflekse affrikaat: likernôch de dzj fan "siedzje", mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel |
ch | [ʈʂʰ] | "tsj'h" | Amerikaansk-Ingelsk: nurture | in stimleaze retroflekse affrikaat (sjoch hjirboppe) dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank |
sh | [ʂ] | "sj" | Amerikaansk-Ingelsk: shoe | de stimleaze retroflekse sibilant: de s fan "sin", mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel |
r | [ɻ ~ ʐ] | - | Amerikaansk-Ingelsk: rude | de [ɻ] (retroflekse approksimant): in Ingelske r (alveolêre approksimant) dy't útsprutsen wurdt mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel; ek útsprutsen as de [ʐ] (stimhawwende retroflekse sibilant): in z, mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel |
z | [ʦ] | "ts" | Frysk: tsiis | de 'gewoane' ts, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt |
c | [ʦʰ] | "ts'h" | in ts dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank | |
s | [s] | "s" | Frysk: sin | de 'gewoane' s, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt |
w | [w] | "-w-", "û-" | Frysk: skowe, hoanne | de healfokaal w (stimhawwende labio-felêre approksimant), net te betiizjen mei de w fan "wiet", dy't net yn it Sineesk foarkomt foarôfgeande oan in e of a wurdt dizze konsonant soms útsprutsen as in [v] (v fan "weve") |
y | [j] ([ɥ]) |
"j" | Frysk: jas | de 'gewoane' j, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt foarôfgeande oan 'e u soms útsprutsen as de [ɥ] (labio-palatale approksimant): in hiel sêfte, mei rûne lippen foarme w fan "skowe" |
De begjinklanken y- en w- hawwe deselde útspraak as de middenklanken -i- en -u- of -ü- (sjoch ûnder). Dy middenklanken wurde soms stavere as y- en w- as der gjin konsonant oan it begjin fan it wurdlid stiet, mei as bedoeling om oan te jaan wêr't in nij wurdlid begjint. Om in foarbyld te jaan: it wurd fanguan kin opdield wurde yn 'e wurdlidden fan-guan. By it wurd fangwan binne de wurdlidden fang-wan; trochdat de middenklank -u- hjir stavere wurdt as -w-, is dúdlik wêr't it twadde wurdlid begjint. Wie de stavering fan 'e u net feroare yn w, dan hie der stien *fanguan, mei as wurdlidden *fang-uan.
Troch -i- en -u- of -ü- yn sokke gefallen te skriuwen as y en w, hoecht de apostrof inkeld noch as wurdliddeskieder ynset te wurden yn gefallen dêr't de earste letter fan in twadde wurdlid in a, e of o is: lykas om Xi'an (twa wurdlidden: [ɕi.an]) te ûnderskieden fan xian (ien wurdlid: [ɕi̯ɛn]). Boppesteande is trouwens allinnich in probleem as de diakrityske tekens foar it werjaan fan 'e toanen net tafoege binne; sa kin Xi'an ek skreaun wurde as Xīān, wêrby't de beide toantekens dúdlik oanjouwe dat it om twa wurdlidden giet, want dan wurde der twa toanen oanjûn en ien wurdlid kin mar ien toan hawwe.
De y- en w- wurde ek tafoege oan 'e fokalen i en u of ü as dy foarkomme sûnder in begjinkonsonant, sadat se skreaun wurde as yi, wu en yu (= *yü sûnder trema om't de y- yn dit gefal de ü ûnderskiedt fan 'e u: it wurd/wurdlid yu mei in -u (= û-klank) komt yn it Mandarynsk net foar). Oer it algemien wurde de y- en w- yn sokke gefallen as stom beskôge, mar guon Mandarynsktaligen sprekke se yn sokke wurdinisjale posysjes wol deeglik út. Yi mei dêrom útsprutsen wurde as [i] ("y") of [ji] ("jy"), wu as [u] ("û") of [wu] ("wû" mei de w fan "skowe") en yu as [y] ("ú") of [ɥy] ("wú" mei likernôch de w fan "skowe"). De namme 'pinyin' wurdt sadwaande almeast útsprutsen as "p'hynyn", mar mei ek útsprutsen wurde as "p'hynjyn".
Hjirûnder in list fan alle einklanken yn it Standertmandarynsk, útsein de measten dy't einigje (kinne) op -r. Om in einklank te finen, moatte jo:
Foar weng, wen, wei en you, sjoch ûnder: ong, un, ui en iu. Foar u nei j, q, x, of y, sjoch ûnder ü.
pinyin | IPA | foarm sûnder foarôfgeande konsonant |
útspraak |
---|---|---|---|
-i | [ɹ̩~z̩], [ɻ~ʐ̩] | komt net foar | in zoemend klinkende fuortsetting fan 'e foargeande konsonant dy konsonant kin in z, c, s, zh, ch, sh of r wêze; yn alle oare gefallen wurdt de i útsprutsen as "y" |
einlûden begjinnend mei a | |||
a | [a] | a | a fan "bad" |
ai | [ai̯] | ai | ai fan "laitsje" (Wâldfryske útspraak) |
an | [an] | an | an fan "dan" |
ang | [aŋ] | ang | ang fan "bang" |
ao | [au̯] | ao | au fan "lau" |
einlûden begjinnend mei e | |||
e | [ɤ] | e | it koart net-rûne healsletten efterlûd, oftewol de o fan "bok", mar útsprutsen mei sprate lippen |
ei | [ei̯] | ei | ee fan "reek", d.w.s. gjin suvere lange ee [e:], mar ien dy't op 'e ein nei in y-klank niget |
en | [ən] | en | un fan Nederlânsk dun |
eng | [əŋ] | eng | lykas 'ung', as dat in Frysk wurd wêze soe |
er | [aɚ̯] | er | ar lykas yn 'e Amerikaansk-Ingelske (roatyske) útspraak fan "bar" |
einlûden begjinnend mei i (y) | |||
i | [i] | yi | y fan "dyk" |
ia | [ja] | ya | ja fan "jak" |
ian | [jɛn] ([jan]) | yan | as "jern"; guon Sineeske memmetaalsprekkers sprekke it út as "jan" (rymt op "dan") |
iang | [jaŋ] | yang | lykas "jang", as dat in Frysk wurd wêze soe (rymt op "lang") |
iao | [jau̯] | yao | jou fan "ik jou" |
ie | [je] | ye | je fan "jeze" |
in | [in] | yin | as "yn" |
ing | [iŋ] | ying | as yng fan "yngeand", mar sûnder de g-klank derefteroan |
iong | [jʊŋ] | yong | lykas "jûng", as dat in Frysk wurd wêze soe |
iu | [jou̯] | you | lykas yn it Nederlânske jood, d.w.s. gjin suvere lange oo [o:], mar ien dy't op 'e ein nei in û-klank niget |
einlûden begjinnend mei o | |||
ong | [ʊŋ] | komt net foar | 'ûng' fan "ûngerêst" sûnder de g-klank derefteroan |
ou | [ou̯] | ou | oo fan "stroom" of "ho", d.w.s. gjin suvere lange oo [o:], mar ien dy't op 'e ein nei in û-klank niget |
einlûden begjinnend mei u (w) | |||
u | [u] | wu | û fan "tûk" |
ua | [wa] | wa | oa fan "koart" |
uai | [wai̯] | wai | oai yn "boaiem"; as it Ingelske why, mar koarter |
uan | [wan] | wan | as it Ingelske one |
uang | [waŋ] | wang | as "û-ang" (fluch útsprutsen, sadat de û de w fan "skowe" wurdt) |
komt net foar | [wəŋ] | weng | as "û-ung" (fluch útsprutsen, sadat de û de w fan "skowe" wurdt) |
uo / o | [wo] | wo | uo fan "huodden" |
ui | [wei̯] | wei | as it Ingelske way |
un | [wən] | wen | as 'wen' yn "skriuwen" |
einlûden begjinnend mei ü (yu) | |||
u / ü | [y] | yu | ú fan "tút" |
uan / üan | [ɥɛn] | yuan | as "ú-an" (fluch útsprutsen, sadat it ien wurdlid wurdt) |
ue / üe | [ɥe] | yue | likernôch as "û-ee" (fluch útsprutsen, sadat de û de w fan "skowe" wurdt) |
un / ün | [yn] | yun | ún fan "dún" |
allinnich as ynterjeksjes | |||
ê | [ɛ] | komt net foar | e fan "let" |
o | [ɔ] | komt net foar | o fan "hok" |
io | [jɔ] | yo | ja fan "jas" |
Opmerklik oan 'e stavering fan pinyin binne de folgjende dingen:
Pinyin omfiemet ek in systeem fan diakrityske tekens om 'e fiif toanen fan it Mandarynsk wer te jaan. Yn Westerske publikaasjes, lykas boeken oer de skiednis fan Sina, atlassen en reisgidsen, wurde dy tekens faak fuortlitten, en ek yn Sina sjocht men se bûten it ûnderwiis net in protte. De diakrityske tekens dy't brûkt wurde, binne: de makron (ˉ) foar de hege toan; it skerpteken (ˊ) foar de opgeande toan; de karon (ˇ) foar de delgeand-opgeande of lege toan; it klamteken (ˋ) foar de delgeande toan; en foar de neutrale toan wurdt gjin diakritysk teken tafoege. De karon, dy't op 'e delgeand-opgeande toan pleatst wurdt, is in breedteken (kapke of dakje) op 'e kop, en moat net betize wurde mei de breve (˘), dy't folle rûner is.
toan | a | e | i | o | u | ü |
---|---|---|---|---|---|---|
1e toan of hege toan | ā (Ā) | ē (Ē) | ī (Ī) | ō (Ō) | ū (Ū) | ǖ (Ǖ) |
2e toan of opgeande toan | á (Á) | é (É) | í (Í) | ó (Ó) | ú (Ú) | ǘ (Ǘ) |
3e toan, delgeand-opgeande toan of lege toan | ǎ (Ǎ) | ě (Ě) | ǐ (Ǐ) | ǒ (Ǒ) | ǔ (Ǔ) | ǚ (Ǚ) |
4e toan of delgeande toan | à (À) | è (È) | ì (Ì) | ò (Ò) | ù (Ù) | ǜ (Ǜ) |
5e toan of neutrale toan | a (A) | e (E) | i (I) | o (O) | u (U) | ü (Ü) |
Yn wurdboeken wurdt de neutrale toan faak oantsjut troch it oangeande wurdlid foarôfgean te litten troch in middelhege punt, lykas by •ma.
Dizze toanen binne yn it Mandarynske en alle oare Sinityske talen betsjuttingsûnderskiedend en dêrom essinsjeel foar de korrekte útspraak. Ferlykje de ûndersteande Mandarynske wurden en harren betsjuttings:
wurd | betsjutting |
---|---|
mā | "mem" |
má | "himp" |
mǎ | "hynder" |
mà | "beskrobje" |
ma | in freegjend taheaksel |
Om 'e toan fan in wurdlid wer te jaan, wurdt it korrekte diakrityske teken boppe-op de fokaal pleatst dy't de kearn fan it wurdlid foarmet, of it moat wêze dat dy fokaal ûntbrekt (sjoch de folgjende alineä). Foarbyld: by in wurdlid as kuài is k de begjinletter (inisjaal), u de middenletter (mediaal), a de kearn en i de koda. De regels foar it finen fan 'e kearn binne:
As de kearn útsprutsen wurdt as in sjwa ([ə], de e fan "de", yn pinyin skreaun as e of o), en der is sawol in middenletter as in koda, dan kin de kearn út it wurdlid weifalle. Yn sa'n gefal komt it faak foar dat de koda in -n of -ng is, sadat de middenletter i, u of ü as iennichste fokaal oerbliuwt. Dan kriget de middenletter it toanteken. Is lykwols de koda net in konsonant, mar in fokaal, dan kriget dý it toanteken. Dat komt foar yn wurdlidden dy't einigje op -ui (wèi wurdt dan uì) en op -iu (yòu wurdt dan -iù).
Foar de opkomst fan kompjûters beskikten in protte typmasines net oer makrons (bgl. ā) en karons (bgl. ǎ), al koe in karon faak wol provisoarysk oanmakke wurde troch sawol in skerpteken as in klamteken op in fokaal te setten. Dêrom waarden doedestiden oan 'e ein fan wurdlidden faak sifers tafoege mei it nûmer fan 'e toan. By it boppesteande foarbyld soe dat it folgjende taalbyld opsmite: mā waard skreaun as ma1; má as ma2; mǎ as ma3; mà as ma4; en ma as ma5, ma0 of gewoan ma.
It werjaan fan it toanteken op 'e ü, dy't ommers al in diakritysk teken hat, kin problematysk wêze. As der yn pinyin in [y] ("ú"-lûd) folget op 'e begjinletters l- of n-, moat dy klank werjûn wurde as -ü om betizing mei de [u] ("û"-klank) foar te kommen. Sa wurde bgl. de wurden lu (ferienfâldige Sineesk: 炉; tradisjoneel Sineesk: 爐; "ûne") en lü (ferienfâldige Sineesk: 驴; tradisjoneel Sineesk: 驢; "ezel") faninoar ûnderskaat. Dêrby komt it toanteken dan boppe op it trema: lǘ.
In praktysk probleem dat dêrút fuortfloeit, is bgl. it transliterearjen fan 'e famyljenamme 吕 (Lǚ), dy't in protte foarkomt, en folle mear as ferlykbere famyljenammen sûnder trema 陆 (Lù), 鲁 (Lǔ), 卢 (Lú) en 路 (Lù). Foarhinne diene de ûnderskate paspoartútjaande ynstânsjes yn Sina mar wat om dit probleem op te lossen. Sa waard de nammen mei Lü en Nü wol stavere as "LV" en "NV" of as "LU" en "NU". Sûnt 2012 hat it Sineeske Ministearje fan Iepenbiere Feilichheid lykwols dizze tizeboel oanpakt troch de standertskriuwfoarmen "LYU" en "NYU" yn te fieren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.