Paralympyske Simmerspullen 2016
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Paralympyske Simmerspullen 2016 (Portegeesk: Jogos Paralímpicos de Verão de 2016) wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint foar atleten mei in lichaamlike beheining yn 'e tradysje fan 'e Paralympyske Spullen, dat oan 'e ein fan 'e simmer fan 2016 holden waard yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro. Hjiroan namen 161 lannen en 4.342 sporters diel. It wie de fyftjinde kear dat de Paralympyske Simmerspullen organisearre waarden. De iepeningsseremoanje fûn plak op 7 septimber, en de ôfslutingsseremoanje op 18 septimber. Dêrmei wiene it de earste Paralympyske Simmerspullen dy't yn 'e winter (op it súdlik healrûn) holden waarden, en ek de earsten dy't holden waarden yn Súd-Amearika en yn in Portegeesktalich lân. It sportbarren omfieme 526 ûnderdielen yn 23 ûnderskate sporten. Twa dêrfan, it kanofarren en de paratriatlon, waarden foar it earste beoefene op dizze edysje fan 'e Paralympyske Simmerspullen. Foar dit sportevenemint waarden deselde fasiliteiten brûkt dy't earder, yn augustus, brûkt wiene foar it hâlden fan 'e Olympyske Simmerspullen.
XVe Paralympyske Simmerspullen | ||||
holden yn | Rio de Janeiro (Brazylje) | |||
jier | 2016 | |||
data | 7-18 septimber | |||
organisator | IPC | |||
dielnimmende lannen | 159 | |||
dielnimmende atleten | 4.342 | |||
eveneminten | 526 yn 23 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 7 septimber | |||
slutingsseremoanje | 18 septimber | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | Londen 2012 | |||
folgjende edysje | Tokio 2020 | |||
|