From Wikipedia, the free encyclopedia
Paralympyske Spullen binne de Olympyske Spullen foar minsken mei ûnder mear in lichaamlike beheining, Fisuele beheining en/as in harsenskansearring. It evenemint stiet ûnder tafersjoch fan it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee.
Paralympyske Spullen | ||||
Paralympyske Flagge | ||||
sport | 22 Simmersporten 5 Wintersporten | |||
organisator | Ynternationaal Paralympysk Komitee | |||
earste edysje | 1960 Rome (Simmerspullen) 1976 Örnsköldsvik (Winterspullen) | |||
aktueel | ||||
Paralympyske Simmerspullen 2024 | ||||
edysjes | ||||
foarige | 2022 (winterspullen) | |||
folgjende | 2026 (winterspullen) | |||
|
Yn 1948 organisearre Sir Ludwig Guttman in sportwedstriid yn it Ingelske Stoke Mandeville foar feteranen út de Twadde Wrâldkriich mei rêchletsel. Fjouwer jier letter diene ek sporters út Nederlân mei oan dy Stoke Mandeville Spullen. Yn 1960 waarden dizze spullen tagelyk mei de Olympyske Spullen yn it Italiaanske Rome hâlden. De Paralympyske Spullen wiene berne. Oant en mei 1972 diene allinne sporters yn in rolstoel mei. Fan 1976 ôf dogge ek sporters mei in amputaasje en minsken mei in Fisuele beheining mei. Yn datselde jier waarden ek de earste Paralympyske Winterspullen hâlden; yn it Sweedske Örnsköldsvik.
Yn 1984 wiene der eins twa Paralympyske Simmerspullen. Troch in konflikt waard der ien foar sporters yn in rolstoel yn Stoke Mandeville hâlden, en foar sporters mei oare beheinings ien yn New York.
Tsjintwurdich is it in sportevenimint mei goed 4200 sporters by de Spullen yn Peking yn 2008. Tsjin sa’n 400 sporters dy’t der by wiene yn 1960.
De Paralympyske Spullen wurde altyd in itselde jier hâlden as de Olympyske Spullen en fan de Simmerspullen fan 1988 ôf wurde se ek altyd wer yn deselde stêd hâlden. Fan 2012 ôf is der sels de ferplichting dat de stêd dy’t de Olympyske Spullen organisearret, ek de Paralympyske Spullen organisearret.
Hjoed de dei steane der sa’n tweintich simmersporten en fiif wintersporten op it programma by de Paralympyske Spullen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.