Paralympyske Simmerspullen 2020
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Paralympyske Simmerspullen 2020 waarden fan 24 augustus oant en mei 5 septimber 2021 yn de Japanske haadstêd Tokio holden.
Fluch de feiten
XVIe Paralympyske Simmerspullen | ||||
holden yn | Tokio (Japan) | |||
jier | 2021 | |||
data | 24 augustus-5 septimber | |||
organisator | IPC | |||
dielnimmende lannen | 163 | |||
dielnimmende atleten | 4.537 | |||
eveneminten | 539 yn 22 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 24 augustus | |||
slutingsseremoanje | 5 septimber | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | Rio 2016 | |||
folgjende edysje | Parys 2024 | |||
|
Slute
It sportevenement soe ynearsten yn Tokio plak hawwe fan 25 augustus oant en mei 6 septimber 2020, mar troch de koroanapandemy waard er in jier útsteld. It jiertal yn de namme bleau gelyk.
Tokio waard foar de twadde kear de gaststêd fan de Paralympyske Simmerspullen. De earste kear wie yn 1964.