Pantokratoros-kleaster
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Pantokratoros-kleaster (Gryksk: Μονή Παντοκράτορος) is in eastersk-otterdoksk kleaster yn de autonome monastike steat fan de berch Atos. It kleaster stiet op de noardeastlike kant fan it skiereilân.
Pantokratoros-kleaster
Μονή Παντοκράτορος | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | 1363 | |
offisjele webside | ||
mountathos.gr |
It kleaster waard yn 1363 stifte troch de megas stratopedarchēs Aleksy en de megas primikērios Jehannes en stiet op it sânde plak yn de hiërargy fan de sechtjin kleasters op Atos.
De katolikon fan it kleaster is tagelyk mei it kleaster boud en wijd oan de Transfiguraasje fan de Hear. Yn de katedraal binne fresko's dy't werom geane op it tredde fearn fan de 14e iuw, mar dy't yn 1854 op 'e nij skildere binne. De klokketoer is 19e iuwsk.[1]
It kleaster bewarret in grut tal reliken fan hilligen, in stikje fan it Wiere Krús, in part fan it skyld fan Sint-Merkurius en ikoanen út de 14e iuw. Yn de bibleteek fan it kleaster wurde likernôch 350 manuskripen en 3.500 boeken bewarre.