From Wikipedia, the free encyclopedia
De Landkreis Osnabrück is in lânkring yn it súdwesten fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. De kringfrije stêd Osnabrück leit oan de westlike kant fan de lânkring en makket sels gjin diel út fan de lânkring.
Regio Hannover | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
tal gemeenten | 34 |
kenteken | OS, BSB, MEL, WTL |
Kreisschlüssel | 03 4 59 |
sifers | |
ynwennertal | 359.471 (2020) |
oerflak | 2.121,63 km² |
befolkingstichtens | 169 / km² |
oar | |
stifting | 1972 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 52°23′ N 8°3′ E |
webside | side lânkring Osnabrück |
Oant 1803 foarme de lânkring tegearre mei de stêd Osnabrück it Heechstift Osnabrück. Nei de sekularisaasje kaam it gebiet yn in koart skoftke tiid yn hannen fan ferskillende lannen: nei 1803 hearde it by it karfoarstedom Breunswyk-Luneburch, fan 1806 oant 1810 wie it Prusysk, dêrnei wie it oant 1815 ûnderdiel fan it Frânske Keizerryk en nei 1815 hearde it wer by it Keninkryk Hannover.
Mei't Hannover yn 1867 yn Prusyske hannen oergyng, gyng ek it eardere heechstift oer op Prusen.
De hjoeddeiske lânkring Osnabrück ûnstie yn 1972 troch in weryndieling fan de eardere lânkringen Osnabrück, Melle, Wittlage en Bersenbrück.
It noardlike diel fan de lânkring heart ta de Noarddútske Leechflakte en leit net heger as 50 meter boppe seenivo. Troch it súdlike diel rinte it Teutoburger Wald en it Wiehenberchtme fan it westen nei it easten. Yn it Teutoburger Wâld leit by Bad Iburg it heechste punt fan de lânkring, de Dörenberg mei in hichte fan 331,2 meter boppe seenivo. Fan súd nei noard wurdt de lânkring trochsnien troch de Hase, wylst yn it easten de Hunte streamt. Alle twa rivieren hawwe harren boarne yn de lânkring Osnabrück.
Tegearre mei de kringfrije stêd Osnabrück foarmet de lânkring de Regio Osnabrücker Lân.
De lânkring Osnabrück bestiet út 17 ienheidsgemeenten en 4 samtgemeinden.
Ienheidsgemeenten
|
|
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende lidgemeenten
|
|
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.