Oebele Vries
From Wikipedia, the free encyclopedia
Oebele Vries (Westergeast, 19 maaie 1947)[1] is in wittenskipper en âld-universitêr dosint oan de Ryksuniversiteit Grins, hy joech dêr les oan de Stúdzje Fryske Taal en Kultuer.
Yn 1990 publisearre er it wurk Het Strafkamp voor Nederlanders in Wilhelmshaven: Dagboek en Herinneringen Januari-Mei 1945, oer it konsintraasjekamp by it Dútske Wilhelmshaven, dêr't yn 'e Twadde Wrâldoarloch in protte lju út Fryslân en de rest fan Noard-Nederlân finzenset waarden. Yn 1999 makke en presintearre Vries fierders in dokumintêresearje foar Omrop Fryslân oer West-, East- en Noard-Fryslân, mei as titel It Oare Fryslân.
Yn 2009 kaam De Vries yn it nijs troch it ûntdekken fan it Stellingwerfske Lânrjocht yn it gemeente-argyf fan Arnhim. Ek yn 2009 krige De Vries de dr. Joast Halbertsmapriis, foar syn wurk op it mêd fan de Fryske skiednis, de Fryske taalskiednis en de Aldfryske filology.[2]
Op 25 maaie 2012 naam Vries ôfskie fan de Universiteit fan Grins en gie mei pinsjoen. By syn ôfskie waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.