From Wikipedia, the free encyclopedia
Noard-Dakota (Ingelsk: North-Dakota) is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Bismarck. Yn it gebiet lizze in protte Yndianereservaten. Om-ende-by fiif persint fan de befolking is Yndiaan.
It gebiet dat tsjintwurdich Noard-Dakota hjit waard eartiids befolke troch de Yndianestammen as de Lakota en de Dakota, dy't mei-inoar ek bekend steane as de Sû. Lakota betsjut "freon". Letter kaam it gebiet yn Frânske hannen en yn 1818 alhiel by de Feriene Steaten.
Op 2 novimber 1889 waarden sawol Noard-Dakota en Súd-Dakota as de 39e en 40e, steaten by de Feriene Steaten.
Noard-Dakota heart by de Grutte Flakte-regio en is 183.272 km² grut. It westlik part heart ta de Mountain-tiidsône, it easten ta de Sintral tiidsône en North Dakota grinzet yn it noarden oan Kanada en fierders oan de steaten Montana, Minnesota en Súd-Dakota.
De wichtichste rivier is de Missoery. It heechste punt yn it flakke Noard-Dakota is de top fan White Butte (1069 m).
steaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.