In nasjonaal monumint is yn 'e Feriene Steaten in gebiet of plak mei in beskerme status dy't takend is troch de federale oerheid. De Antiquities Act fan 1906 jout de presidint fan 'e Feriene Steaten it foech om by proklamaasje (dus bûten de belutsenens fan it Amerikaanske Kongres om) in gebiet dizze foarm fan beskerming te jaan. Betingst dêrfoar is wol dat it monumint lizze moat op lân dat eigendom is fan 'e federale oerheid. It giet by nasjonale monuminten om plakken fan geologyske, marine, argeologyske en/of kulturele wearde. Dat betsjut dat it by nasjonale monuminten om opmerklike natuerlike lânskipseleminten gean kin, mar ek om minsklike bouwurken. Oare gebieten mei in beskerme status, lykas nasjonale parken, ûntsteane troch it oannimmen fan in wet dêrta troch it Kongres. Guon nasjonale monuminten binne letter opklommen ta nasjonale parken, doe't it Kongres de presidinsjele beskerming bekrêftige.
It earste nasjonaal monumint waard yn 1906 útroppen troch de Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt. It gie dêrby om in aparte rotsformaasje yn 'e Rocky Mountains fan Wyoming, it Nasjonaal Monumint Devil's Tower. It bekenste nasjonaal monumint is sûnder mis it Frijheidsbyld yn New York, yn 'e foarm fan it Nasjonaal Monumint It Frijheidsbyld, dat ek Ellis Island omfettet (dêr't earder de nije ymmigranten út Jeropa opfongen waarden). Anno 2024 wiene der yn totaal 133 nasjonale monuminten yn 'e Feriene Steaten (sjoch dêrfoar de folsleine en byholden list op 'e Ingelsktalige Wikipedy). De nasjonale monuminten binne, ôfhinklik fan wat se krekt binne en wêr't se lizze, op 'e noed fan in ferskaat oan federale ynstellings: de National Park Service (NPS), de United States Forest Service (USFS), de United States Fish and Wildlife Service (FWS), it Bureau of Land Management (BLM) en, yn it gefal fan nasjonale monuminten yn see, de National Oceanic and Atmospheric Administration (NOAA). Histoarysk ressortearren guon nasjonale monuminten ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Oarloch.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.