From Wikipedia, the free encyclopedia
Nasjonaal Park De Loonse en Drunense Duinen is in natuergebiet yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân. It is goed 3500 hektare grut en is sûnt 2002 in nasjonaal park. It park is oan de iene kant foar it grutste part in ferskaat oan drûge sânferstowingen en nullebosk, mar ek de grutte beekdellingsône fan de Zandleij heart derby mei syn produksjebosken, wiete greiden en sompen.
Nasjonaal Park De Loonse en Drunense Duinen | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Brabân | |
koördinaten | 51°39′ N 5°07′ E | |
oare ynformaasje | ||
status | nasjonaal park | |
oerflak | 40,7 km² | |
stifting | 2002 | |
behear | Ver. Natuurmonumenten Het Brabants Landschap De Duinboeren | |
webside | nationaalpark.nl/ldd | |
kaart | ||
It hiele park omfettet mear as 3500 ha. Dêrfan is ûngefear 465 ha stosân. It gebiet wurdt dan ek wol de " Brabânske Sahara " neamd.
Oan 'e westkant fan de Loonse en Drunense Duinen leit it attraksjepark Efteling. Ut de attraksje Pagode wei is it natoergebiet te sjen. Begjinnende boskbrânen kinne sa troch parkbesikers sjoen en meld wurde. Sa waard yn 2014 in begjinnende boskbrân troch besikers melden.[1]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.