Michael Schumacher
From Wikipedia, the free encyclopedia
Michael Schumacher (Hürth-Hermülheim, 3 jannewaris 1969), is in earder Dútsk Formule 1-koereur. Hy wie wrâldkampioen yn 1994, 1995, 2000, 2001, 2002, 2003 en 2004. Schumacher waard beskôge as de bêste autoracer fan syn tiid, fergelykber mei Juan Manuel Fangio yn de jierren fyftich en Ayrton Senna yn de iere jierren njoggentich.
Fluch de feiten
Michael Schumacher | ||
Formule 1 | ||
Michael Schumacher (2005) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michael Schumacher | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
bertedatum | 3 jannewaris 1969 | |
berteplak | Hürth-Hermülheim | |
etnisiteit | Dútsk | |
Formule 1 karriêre | ||
jieren aktyf | 1991–2006, 2010–2012 | |
Teams | Jordan Benetton Ferrari Mercedes | |
Tal races | 308 (306 starts) | |
Kampioenskippen | 7 (1994, 1995, 2000, 2001, 2002, 2003, 2004) | |
Oerwinningen | 91 | |
Tal poadia | 155 | |
tal Polepositions | 68 |
Slute
Op 25 novimber 2012 ried er syn lêste Grand Prix yn de Formule 1, de Grand Prix Formule 1 fan Brazylje 2012.
Op 29 desimber 2013 hie Schumacher in slim sky-ûngemak yn Méribel yn de Frânske Alpen. Hy lei oant mids 2014 yn koma.[1][2] Yn septimber 2014 waard thúsbrocht, dêr't er fierder ferplege wurdt. Hy is ferlamme, kin net prate en hat problemen mei syn ûnthâld.