From Wikipedia, the free encyclopedia
Marija Gimbutas (Litousk: Marija Gimbutienė, berne as Marija Birutė Alseikaitė; Vilnius (Litouwen), 23 jannewaris 1921 - Los Angeles (Kalifornje), 2 febrewaris 1994) wie in Litousk-Amerikaansk archeologe en antropologe dy't har dwaande hold mei de neolityske en brûnstiidkultueren fan it "Alde Jeropa", in troch harsels betochte term. Yn har tusken 1946 en 1971 útjûne wurken yntrodusearre Gimbutas ferskate nije sjenswizen troch tradisjoneel fjildwurk te kombinearjen mei linguïstyk en mytologyske ynterpretaasjes.
Gimbutas kaam yn 1949 as flechteling út Litouwen yn de Feriene Steaten. Sy hele in graad yn de archeology oan de universiteit fan Tübingen yn Dútslân. Har Litouwske eftergrûn soe sy lykwols nea ferjitte. Sy koe fuort oan it wurk by de Harvard-universiteit, dêr't sy East-Jeropeeske teksten oer archeology oersette yn it Ingelsk en dosint waard op de fakulteit antropology. Yn 1955 waard sy "Fellow" fan it oan Harvard ferbûn Peabody Museum.
Yn 1956 yntrodusearre Gimbutas har "Koerganhypotese" en die archeologysk ûndersiik nei de typyske "koerganen" of greefheuvels dat sy kombinearre mei linguïstyk om problemen yn it ûndersiik nei de Proto-Indo-Jeropeeske talen sprekkende folken op te lossen, te witten wêr't sy wei kamen en op hokker wize sy Jeropa yn kamen. Dizze hypothse en har ynterdissiplinêre oanpak soe grutte ynfloed hawwe op Indo-Jeropeeske stúdzjes.
Fan 1963 oant 1989 wie Marija Gimbutas heechlearaar archeology oan de UCLA. Tusken 1967 en 1980 late sy grutte opgravings fan neolityske fynplakken yn Súdeast-Jeropa. Sy helle in oerweldigjend tal keunst- en gebrûksfoarwerpen boppe de grûn troch fierder te graven dan har tiidgenoaten dien hienen. Yn de rin fan har wurkpaad ûndersocht en beskreau sy in enoarm tal archeologyske fynsten.
Yn de jierren '50 en it begjin fan de jierren '60 ferwurf Gimbutas har reputaasje as spesjalist op it mêd fan de Indo-Jeropeeske brûnstiid, Litouwske folkskeunst en de prehistoarje fan de Baltyske en Slavyske folken, dat foar in part gearfetsje is yn har definitive wurk Bronze Age Cultures of Central and Eastern Europe (1965).
Mei har trije lêste boeken waard sy ynienen ferneamd - yn de eagen fan guon kritisy raar ferneamd: The Goddesses and Gods of Old Europe (1974), The Language of the Goddess (1989), dy't in oersjocht jouwe fan har spekulaasjes oer neolityske kultueren yn Jeropa. Sy seach in tige skerpe tsjinstelling tusken it "Alde Jeropa" en de Indo-Jeropeeske hâlders fan de koergankultuer. It âlde Jeropa wie neffens har fredeleavjend, matriargaal ynsteld en hie in godstsjinst mei in Goadinne oan it haad. Ek stribbe dizze folken nei sosjale gelikens, stienen homoseksuelen heech yn oansjen. De nijkommers wienen androsintryskee, striidhaftige en hiërargyske Indo-Jeropeanen dy't Jeropa oermasterden en de ynheemske folken har systeem op twongen.
Neffens Bernard Wailes, professor antropology oan de Universiteit fan Pennsylvania, beskikte sy oer in enoarme kennis mar wie sy net tige kritysk ynsteld. Sy socht in bult gegevens byinoar en luts dêr fiergeande konklúzjes út dy't neffens him net goed troch arguminten skaard waarden, mar troch haar hiel grif brocht waarden. Neffens in oare professor antropology David Anthony, oan de Hartwick College, wiist neat op in matriargale kultuer foar de ynfaasje troch de Koerganen en hy wiist ek op de heuvelforten en wapens y Jeropa fan foar dy tiid[1]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.