From Wikipedia, the free encyclopedia
Lângoed It Oranjewâld is in lângoed yn Parkgebiet It Oranjewâld yn de gemeente It Hearrenfean.
Albertine Agnes fan Nassau, widdo fan de Fryske steedhâlder Willem Freark fan Nassau, erfde yn de 17e iuw it Skoatterwâld by It Hearrenfean in lângoed dat bestie út ferskate lannen, boskpersielen en gebouwen. Hja boude dêr in lustslot en liet der moaie tunen oanlizze.
It hjoeddeiske hûs op Lângoed It Oranjewâld waard boud yn 1829.
Sûnt 1910 wurdt it lângoed bewenne troch Charles L.A.J. greve fan Limburg Stirum, dy't troud is mei Maria de Block fan Scheltinga. Hy is militêr, mar ferlit de tsjinst om him te wijen oan it behear fan It Oranjewâld. Syn sûnens is min, en hy ferstjert yn 1931 op de leeftyd fan 54 jier. Nei har ferstjerren yn 1962 komt it lângoed troch fererving yn besit by Jhr. Martinus de Blocq van Scheltinga.
Maarten Scheltinga wie sûnt 1926 troud mei Cecilia Johanna grevinne fan Limburg Stirum. Om 1953 hinne ferwoast it brân yn it koetshús in grut diel fan syn kolleksje belsliden. It blussen foel goed ôf, wat in bluswetter moast út de beferzen grêft komme. Dat selde jier ferstjert syn frou. Hy ferkeapet Lângoed It Oranjewâld en giet mei syn twadde frou, Nicoline Anna (Nina) Philipse (1907) op in lytser bûten wenjen, Prinsenhof, ek yn it doarp It Oranjewâld. Letter ferhúzje se nei Grandvaux by Lausanne, wêr't hy yn 1961 ferstjert.
As gefolch fan de ruilferkaveling Midden Tsjonger waard in diel fan it NW túndiel rûge. Hjirtroch wie de barokke tún net mear yntakt.
Yn 2004 hat it lângoed him oan de noardside útwreide. Yn it nije stik waard Museum Belvédère boud, ûntwurpen troch arsjitekt Eerde Schippers. It gebou is yn swarte basaltplaten ôfwurke. It is it earste museum foar moderne en hjoeddeiske keunst yn Fryslân.
It âlde NW túndiel waard troch Steatsboskbehear rekonstruearre nei ûntwerp fan lânskipsarsjitekt Michael R. van Gessel en mei it nije parkdiel en it museum hjit dit no it Museumpark Lângoed It Oranjewâld.
Op 24 novimber 2004 waard it Museum en it Museumpark iepene troch keninginne Beatrix.
Yn de simmer fan 2007 waard foar it earst in 3-deisk keamermuzykfestival organisearre. Der binne dan konserten yn it museum en op it lângoed. By moai waard wurde ek iepenloftkoserten hâlden, neist it wetter dat it museum en it lânhûs ferbynt. Op it programma stiet ek in masterclass. Sjoch Programma 2007
Op earste pinksterdei is de nasjonale Dei fan it Park, in dei wêrop spesjaal omtinken jûn wurdt oan it grien. Op It Hearrenfean wurdt it parklânskip fan Lângoed IT Oranjewâld sintraal steld.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.