westlike diel fan Skylge From Wikipedia, the free encyclopedia
Noardfarder ek wol ‘’Noord(s)vaarder’’ is it westlike diel fan it waadeilân Skylge. De Noardfarder wie in grutte sânplaat dy’t fan Skylge skieden waard troch it Westerboomgat. De sânplaat skode hieltiten fierder op nei it easten en fersâne midden 19e iuw it Westerboomgat. It kaam dêrtroch fêst te sitten oan Skylge. Foar de westlike kust ûntstie itselde byld. It eilantsje Engelschhoek wurdt fan Noardfarder skieden troch it Boomkensdjip, ek dy slinke ferlanne en yn de rin fan de tiid wurdt Engelschhoek ûnderdiel fan Noardfarder/Skylge.
Noardfarder | ||
lokaasje | ||
neiste plak | West-Skylge | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 650 ha | |
stifting | 1924 | |
behear | Steatsboskbehear |
Nei de Twadde Wrâldoarloch is in stik fan it gebiet ynrjochte as militêr oefenterrein foar de loftmacht. It hie de operasjonele beneaming Jackpot Range. Oant 1993 is op de Noardfarder troch Definsje by oefeningen gebrûkmakke fan ferearme uranium yn munysje. Yn 1996 is it militêre oefenterrein sluten.
It 650 ha grutte gebiet is in weardefol natoerterrein mei weardefolle pionierfegetaasjes, fochtige dellingen, stowende dunen en mânske sânplaten. De Noardfarder is in Steatsnatoermonumint sûnt 1924. Der komt ien fan de wichtichste populaasjes fan de kaaiblommesoarte Liparis loeselii yn Nederlân foar. Oare seldsume plantesoarten binne brede kaaiblom Epipactis palustris, Parnassia palustris, knopspyts Schoenus nigricans en fleiskleurige orchis Dactylorhiza incarnata.
Foarkommende briedfûgels binne klút, kreuteltsje, bûntbekwilster, wylp en hoannebiter.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.