![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/eb/Locator_map_PCH_2011_in_Germany.svg/langfy-640px-Locator_map_PCH_2011_in_Germany.svg.png&w=640&q=50)
Ludwigslust-Parchim
From Wikipedia, the free encyclopedia
De lânkring Ludwigslust-Parchim (Dútsk: Landkreis Ludwigslust-Parchim) is in bestjoersdistrikt yn it súdwesten fan 'e Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. It is mei in oerflak fan 4752 km² de op ien nei grutste lânkring fan Dútslân. Dêrnjonken is it ek de lânkring mei de leechste befolkingstichtens fan 'e dielsteat. De haadstêd is Parchim, mar yn Ludwigslust steane ek in diel fan de oerheidsgebouwen.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Ludwigslust-Parchim | |
---|---|
![]() | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | ![]() |
bûnslân | ![]() |
haadplak | Parchim |
tal gemeenten | 142 |
kenteken | LUP, HGN, LBZ, LWL, PCH, STB |
Kreisschlüssel | 13 0 76 |
sifers | |
ynwennertal | 214.161 ((31.12.2022) |
oerflak | 4.766,76 km² |
befolkingstichtens | 45 ynw./km² |
oar | |
stifting | 2011 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | kreis-lup.de |
Slute
De lânkring grinzget mei de klok mei fanút it westen oan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein, de lânkring Noardwest-Meklenburch, de kringfrije stêd Schwerin, de lânkringen Rostock en Mecklenburgische Seenplatte en de dielsteaten Brandenburch en Nedersaksen.
Yn 'e lânkring lizze in tal marren, wêrûnder:
- Goldberger See
- Damerower See
- Barniner See
- Kleinpritzer See
- Woseriner See