Brandenburch
From Wikipedia, the free encyclopedia
Brandenburch (Nedersaksysk: Brannenborg, Leechsorbysk: Kraj Bramborska) is in dielsteat yn it easten fan Dútslân, dy't yn 1990 oprjochte waard nei de Dútske Weriening. It is in dielsteat dêr't net in protte minsken wenje en foaral oriïntearre is op de stêd Berlyn, dat histoarysk besjoen by Brandenburch heart, mar dat der sûnt 1920 as in soartemint enklave middenyn leit. De haadstêd is Potsdam. In oare grutte stêd is Cottbus yn it súdeasten, yn it gebiet dêr't de lytske Sorbyske minderheid him befynt.
Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Brandenburch | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Dútslân | |
Basisgegevens | |
Lân | Dútslân |
Haadstêd | Potsdam |
Oerflakte | 29.475 km² |
Befolking | 2.573.800 (2003) |
Befolkingstichtens | 87 ynw./km² |
Distrikten | |
Slute
Yn it easten grinzet Brandenburch oan Poalen en oan de dielsteaten Meklenburch-Foarpommeren yn it noarden, Saksen yn it suden, Saksen-Anhalt yn it westen en Nedersaksen in it uterste noardwesten.