From Wikipedia, the free encyclopedia
Lilongwe is de haadstêd fan Malawy. Yn 2009 hie de stêd goed 900.000 ynwenners; en de befolking groeit hurd.
Lilongwe leit yn it midden fan it lân op in heechflakte, bewesten de Malawymar, tichteby de Lilongwerivier en oan de grutte noard-súd dyk fan Malawy, de M1.
De stêd hat in lânbouhegeskoalle.
Jier | Befolking[1] |
---|---|
1977 | 98,718 |
1987 | 223,318 |
1998 | 435,964 |
2008 | 866,272 |
2009 | 902,388 |
Yn it ferline wie Lilongwe mar in doarpke oan de ouwers fan de rivier Lilongwe. It waard formeel yn 1906 stifte. Begjin 20e iuw waard it in koloniaal administratyf sintrum fan de Britten. Troch de lizzing oan de wichtige noard-súd ferbining groeide it plak hurd en waard rillegau de twadde stêd fan Malawy, nei Blantyre. Yn 1975 waard Lilongwe haadstêd fan Malawy yn it plak fan Zomba. Hoewol't Lilongwe it politike sintrum fan it lân is, is de stêd Blantyre ekonomysk fan grutter belang bleaun (tabaksfeiling).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.