From Wikipedia, the free encyclopedia
Lekkum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Lekkum leit noardlik fan Ljouwert, noardeastlik fan Snakkerbuorren en súdwestlik fan Miedum. De doarpskearn fan Lekkum leit tusken de Dokkumer Ie en de Buorren.
Lekkum | ||
Sesiliatsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 460 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 1,97 km² lân: 1,92 wetter 0,05 km² | |
Befolkingsticht. | 214 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 13'N 5° 49'E | |
Doarpsgebiet fan Lekkum yn de gemeente Ljouwert | ||
Offisjele webside | ||
Side doarpshûs Lekkum | ||
Kaart | ||
Lekkum hat 460 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Al foar de iere midsiuwen waard Lekkum bewenne. Yn dokuminten fan it kleaster yn Fulda wurdt it doarp mooglik foar it earst as 'Lakki' neamd. Om 1230 hinne wie dat 'Lackum'. De betsjutting fan de namme is mooglik 'hiem by de Luts', in eartiids natuerlik wetterke op de grins fan Lekkum en Miedum dat hjoed-de-dei net mear as in gewoane sleat is. Mar it is ek mooglik dat it earste part fan Lekkum fan in persoansnamme ôflaat is.
Oant yn 1530 de Swartewei fan Ljouwert nei Swarteweisein oanlein waard, lei Lekkum oan de belangrykste ferbiningswei fan Ljouwert nei Grins. Foar de reformaasje foarmen de terpdoarpen Miedum en Lekkum twa aparte parochy's. Neitiid waarden de doarpen tsjerklik gearfoege. Minder âld is Snakkerbuorren, dat yn de 16e iuw oan de Ie ûnstie as buorskip fan Lekkum. De boeren fan Lekkum en Miedum hiene yn de 16e iuw noch in soad mingde bedriuwen, mar yn de 18e iuw wiene it yn haadsaak echte feeboeren.
Tusken 1768 en 1898 stie hjir de state Ieburch dy't bouwe litten waard troch skipsbouwer Tiete Hylkes Tromp (1704-1785) út Wâldsein. Syn grêfstien leit yn it tsjerke fan Lekkum, mar mei de wat foarnamere namme fan syn memmes kant: Tiete van Hettinga Tromp.[2] De earste ôfgraving fan de terp fûn yn 1862 plak op it plak dêr't no de iisbaan leit. Nei it ôfbrekken fan de state Ieburch yn 1898 waard ek it súdlike diel fan de Lekkumer terp ôfgroeven.
De stêd Ljouwert wreide him yn de jierren 1960-1970 mei de oanlis fan Lekkumerein út oant de grins fan it Lekkumer doarpsgebiet. Tagelyk waarden ek nije wentes boud yn Lekkum. De plannen wiene om Lekkum foars út te wreidzjen, mar soene lang om let net trochgean. In plan om in ringwei noardlik fan Ljouwert tusken Lekkum en Snakkerbuorren oan te lizzen, it saneamde 'Noardtangint', waard yn 1996 ôfblaasd. Oare útwreidingsplannen fan de stêd gyngen folle letter mei it plan Blitsaerd op lytsere skaal wol troch. Om harren doarpskarakter te hâlden hawwe Lekkum en Snakkerbuorren lang striid levere om dat plan op te kearen. Yn 2006 waard der dochs útein set mei de oanlis fan de wyk.[3]
Sûnt 1943 leit Lekkum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it yn de gritenij Ljouwerteradiel (noardertrimdiel).
Lekkum hat in beskerme doarpsgesicht.
Lekkum foarmet mei de doarpen Snakkerbuorren en Miedum al iuwen lang ien mienskip. De trije doarpen wurde ek wol 'De Trije Doarpen' neamd. Der is in soad gearwurking tusken de doarpen, benammen op it mêd fan kultuer. Sa bestiet der it mienskiplike doarpsblêd De Kobbeflecht. De trije doarpen hawwe ek ien doarpsferiening, 'Doarpsbelang' dy't him ynset foar de belangen fan de doarpsbewenners. Sûnt 26 augustus 1973 is de eardere weeme (de pastorij) it doarpshûs en it kulturele sintrum fan Lekkum.
De Professor Wassenberghskoalle is de basisskoalle fan it doarp. Everwinus Wassenbergh (1742-1826) is yn Lekkum berne en wie professor yn Frjentsjer. Hy hat him tige ynsetten foar it Frysk en leit yn Lekkum begroeven.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2005 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 594 | 605 | 530 | 581 | 621 | 469 | 411 |
Buorren, Canterlânswei, Cuperusstrjitte, De Bult, De Tromp, Ieborchpaed, It Anker, Kealledykje, Lekkumerwei, Mearsterpaed, Michaelpaed, Miedwei, Tabedykje, Terp, Tsjerkepaed, Weme.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.