From Wikipedia, the free encyclopedia
Lampertheim is in stêd yn 'e lânkring Bergstraße yn 'e Dútske dielsteat Hessen.
Lampertheim | ||
Riedshûs. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Bergstraße | |
Stedsyndieling | stêd en 5 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 33.053 (31.12.2023)[1] | |
Oerflak | 72,27 km² | |
Befolkingsticht. | 457 ynw./km² | |
Hichte | 92 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 68623 | |
Koördinaten | 49° 35' N 8° 28' E | |
Offisjele webside | ||
www.lampertheim.de | ||
Kaart | ||
Lampertheim leit rjochts fan 'e Ryn yn it súdhessyske diel fan in leechflakte westlik fan 'e stêd Worms yn Rynlân-Palts. Njonken de stêd Lampertheim hearre ek noch de Stadtteile Hofheim, Hüttenfeld, Neuschloß en Rosengarten by de stêd.
Lampertheim is neffens de fynsten yn 'e kontreien al sûnt de jonge stientiid (3000-2000 f.Kr.) bewenne. Nei de Kelten folgen de Germanen en de Romeinske besetting. In Romeins grêffjild, romeinske kaaien, fibula's en munten út de tiid fan keizer Domitianus (81–96 n. Kr.) meitsje it oannimlik dat Lampertheim in Romeinsk kamp wie. Lampertheim waard yn 991 foar it earst yn 'e Codex Edelini fan it kleaster Weißenburg neamd. Yn 'e Beierske suksesjeoarloch waard it plak yn 1504 platbaarnd. De stêd wie yn 1540 noch mar krekt wer opboud, doe't de reformaasje ynfierd waard.
Yn 'e Tritichjierrige Kriich waard Lambertsheim slim besocht. Nei de ferneatigingen hie it plak yn 1622 noch mar 10 ynwenners. Wa't it fierder noch oerlibbe hie, wie nei fersterke plakken yn 'e omkriten flechte. Fyftich jier letter hie de krite op 'e nij mei oarloch te meitsjen, doe't Frankryk syn grinzen nei it easten besocht út te wreidzjen.
Lampertheim krige yn 1716 merkrjocht en op 2 augustus 1951 it stedsrjocht.
Lampertheim profilearret him as Spargelstadt, asperzjestêd. Yn 'e omkriten wurdt in soad asperzje of blaukop ferboud en alle jierren wurdt it Lampertheimer Spargelfest organisearre.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.