![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/6/6b/14_Pilsumer_Leuchtturm-3.jpg/640px-14_Pilsumer_Leuchtturm-3.jpg&w=640&q=50)
Krummhörn
From Wikipedia, the free encyclopedia
Krummhörn is in gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen mei in oerflak fan goed 159 km². Bestjoerlik heart de gemeente by de lânkring Aurich. Krummhörn leit yn East-Fryslân.
Fluch de feiten
Krummhörn | ||
![]() | ||
Fjoertoer fan Pilsum. | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.838 (2022)[1] | |
Oerflak | 159,21 km² | |
Befolkingsticht. | 74 ynw./km² | |
Hichte | 0 m boppe seenivo | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
lânkring | ![]() | |
Gemeenteyndieling | 19 Ortsteile | |
Oar | ||
Adres | Rathausstraße 1 26736 Krummhörn | |
Koördinaten | 53° 26' N 7° 5' E | |
Kfz | AUR, NOR | |
Gemeindeschlüssel | 03 4 52 014 | |
Postkoade | 26736 | |
Stifting | 1972 | |
Offisjele webside | ||
www.krummhoern.de | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
![]() | ||
Lokaasje gemeente Apen yn 'e lânkring Aurich |
Slute
Histoarysk-geografysk is it gea tusken Greetsiel en Oldersum bekend as Krummhörn, in krite dat de hjoeddeiske gemeenten Krummhörn, Hinte, Emden en parten fan Moormerland omfiemet. De namme Krummhörn betsjut krûme hoeke (Krûmharne).
De gemeente hat in sterk agrarysk karakter en toerisme is fral yn it fiskerplak Greetsiel wichtich. De bewenners hawwe fral harren wurk yn Emden en in grut part fan 'e befolking is forins. Hast elts doarp hat in histoaryske tsjerke en de âldste stamt út de 13e iuw. Fral de krústsjerke fan Pilsum is ferneamd.