From Wikipedia, the free encyclopedia
Koarnjum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Koarnjum leit noardlik fan Jelsum en besuden Britsum. Yn 2022 hie Koarnjum 421 ynwenners. De doarpskearn fan Koarnjum leit benammen om de Martenawei.
Koarnjum | ||
Martenastate | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 421 (2022) [1] | |
Oerflak | 4,56 km² lân: 4,52 km² wetter 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 93 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14' N 5° 46' E | |
Offisjele webside | ||
Side Jelsum-Koarnjum | ||
Kaart | ||
Fynsten út it Proto-Fryske kultuertiidrek (400-200 f. Kr.) bewize dat it doarpsgebiet fan Koarnjum al foar de jiertelling bewenne waard. De lokaasje oan de eartiidske Middelsee makke hannel mooglik yn de midsiuwen. Oer dy tiid is lykwols net in soad bekend.
Sûnt 2018 leit Koarnjum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ljouwerteradiel.
De skiednis fan it doarp is ferbûn oan de Martena's, dy't grûnbesit hiene yn it doarp. Al yn 1400 wenne Sytze fan Martena yn Koarnjum. De âlde state baarnde yn 1572 troch de Spanjaarden ôf, mar waard troch David fan Goorle en syn frou Swob wer opboud. De lêste bewenner fan Martenastate wie Duco Martena fan Burmania Vegelin van Claerbergen. Dy makke it yntusken brekfallige gebou oer oan de tsjerkfâldij fan Koarnjum. Yn 1899 waard wat der fan oerbleaun wie ôfbrutsen en ferfongen troch in neo-renêssânse kastieltsje, dat folle lytser is as it eartiidske slot. Eleminten fan de âlde state binne yn de nijbou yntegrearre. De barokke poarte datearret fan 1620 en is oarspronklik in ûnderdiel fan it yn 1849 ôfbrutsen Lânskipshûs yn Ljouwert.[2] Yn 1950 foarme in groep Koarnjumers de feriening 'Boskkabouters'. Hja woene de stinzeflora fan it park fan Martenastate beskermje. Súdlik fan de state leit in 19e iuwske grêfheuvel. By de state is no in natoerkemping.
Oer de midsiuwske tsjerke fan Koarnjum is net in soad bekend. Foar de reformaasje wie de oarspronklik yn de 10e iuw boude tsjerke wijd oan Nikolaas fan Myra. Yn 1723 waard de tsjerke tekene as in ienskippich goatysk gebou mei in trijeliddige sealtektoer. De âlde tsjerke waard yn de jierren 1870 ôfbrutsen en ferfongen troch de tsjintwurdige tjerke.[3]
Tsjin it ein fan de 19e iuw waar de terp fan Koarnjum fral oan de noardwestlike kant foar it measte ôfgroeven.
By in razzia yn Koarnjum waarden op 11 febrewaris 1944 19 manlju oppakt wylst hja in tsjerketsjinst bywennen. Hja koene noch krekt troch in lûk harren ferside hâlde doe't de Dútsers de tsjerke yn gyngen, mar hja waarden ûntdutsen en foar twangarbeid nei Drinte stjoerd. Fjouwer oaren sieten op de souder en waarden net ûntdutsen.[4]
Oant 2018 hearde Koarnjum by de gemeente Ljouwerteradiel.
Koarnjum en it tichtby lizzende Jelsum dogge in soad yn 'e mande. Hja hawwe tegearre it mienskipshûs De Bining. It doarpskafee hjit De Tuolle.
Protestantske gemeente Britsum-Koarnjum-Jelsum: der wurde wikseljend tsjinsten holden yn oansletten doarpen yn de Genovevatsjerke, De Hoekstien en de Nikolaastsjerke.
Sûnt 1907 dielde Koarnjum de âlde skoalle oan de Boarnsylsterwei mei Jelsum. Troch de oanfleanrûte fan de loftmachtbasis yn Ljouwert moast de skoalle yn 1961 slute. Sûnt gyngen de Jelsumer bern nei basisskoalle 'Oan 't Skipperspypke' oan de Skeltedyk yn Koarnjum. Yn 2015 fusearren de iepenbiere basisskoalle Oan't Skipperspypke mei de iepenbiere- (De Homeie) en kristlike basisskoalle (De Foarikker) fan Britsum ta de gearwurkingsskoalle 'De Swirrel'.[5]
Aldlansdyk, Bokkestege, Breedyk, David van Goirlestrjitte, De Wier, Giele Anemoanstrjitte, Helmblomstrjitte, Holwoartelstrjitte, Longkrûdstrjitte, Martenawei, Nijlânsdyk, Skeltedyk, Skreedyk, Swarte Singel, Tsjerkepaad, Wylde Tulpstrjitte.
Yn 1960 wie Koarnjum it lytse doarp fan de trijegea Jelsum-Britsum-Koarnjum. Dat feroare mei de nijbou westlik fan it doarp, dêr't in soad forinzen kamen te wenjen. Yn 1979 wie Koarnjum neffens ynwennertal it twadde doarp fan de trije, ek mei't it ynwennertal fan Jelsum bot sakke. De lokaasje fan Koarnjum by it Ljouwerter fleanfjild en de lûdshinder dêrfan, beheint de mooglikheden ta útwreiding.
1744* | 1960* | 1979* | 1999 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
189 | 405 | 435 | 466 | 492 | 496 | 490 | 484 | 489 | 421 |
* Sifers ôfkomstich út: Ljouwerteradiel, G. Abma, 1984, De Tille, side 394
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.