From Wikipedia, the free encyclopedia
It Keninkryk Fryslân (om 600 hinne oant 734) wie in ryk dat bestien hat yn de iere Midsiuwen. It ûntstie likernôch healwei de 7e iuw en einige mei de slach oan de Boarn yn 734 doe't de Friezen ferslein waarden troch de Franken. It ryk waard bestjoerd troch keningen en rûn fan It Swin (by Brugge yn Belgje) oant de Weser (yn Dútslân). De Latynske namme dêr't it gebiet ûnder bekend stie wie Fresia.
|
Skiednis fan Fryslân |
Skiednis fan Fryslân Fryslân yn de Midsiuwen Dieling nei de midsiuwen Hjoed |
It sintrum fan de macht sil mooglik yn Dorestêd en Utert west ha, al wurdt de terp Tsjitsma by Winaam nei fynsten dy't dêr dien binne mei it Frisia-projekt ek wol de keningsterp neamd.[4]
Yn de 4e iuw rûn de macht fan it Romeinske Ryk werom en krige it noarden fan it ryk te stellen mei ynfallen fan Germaanske folken. De Franken foelen benammen Galje yn en de Friezen en Saksen stutsen mei skippen oer nei Brittanje dêr’t sy plondertochten hâlden. Yn dy tiid leinen de Friezen har ta op piraterij en wennen se noardlik fan de Alde Ryn oant de Weser. Doe't de macht fan it Westlik-Romeinske Ryk ynstoarte en it Grutte Folkeferfarren op gong kaam, ferliet in grut part fan de Fryske befolking syn wenplakken, en fêstige him oan de oare kant fan de Noardsee.
Dy ekspedysjes en de dêrút fuortkommende fêstigingen hienen grutte gefolgen, sy skoepen famylje- en hannelsbannen tusken de emigranten en de oerbliuwende befolking oan beide siden fan de Noardsee, de Fryske See sa as dy ek wol neamd waard. It gebiet tusken Fly en Wezer wie healwei de 6e iuw doe't de Trek einige, it mulpunt fan in typysk heidenske beskaving, de Noardseekultuer, dêr't ek it Angelsaksyske Ingelân, Noard-Dutslân, de Deenske Noardseekust en it Nederlânsk riviergebiet ta hearden. Oan it ûntstean fan dy kultuer hat ek de fêstiging fan oare Germaankse folken as de Saksen, Angelen en Juten meiholpen. Dy folden de lege plakken op yn it Fryske terpegebiet fan de tsjintwurdige provinsjes Fryslân en Grinslân.
Krekt as oare Germaanske folken wienen by de Friezen de stamhaadlingen yn it begjin de lieders. Sy waarden foaral keazen op grûn fan harren kwaliteiten, mar letter soe ek harren komôf meispylje. Yn tiden fan kriich wie it regel dat ien stamhaad de kriichshear waard. Dy kriichshear dy't ek wol hartoch neamd waard, waard keazen en wie lieder salang as de oarloch duorre.
It wichtigste kenmerk foar it ûntstean fan it keningskip by de Germaanske folken wie lykwols de oanwêzigens fan in sintraal gesach en in klasse fan elite of eallju. Dat barde by de Friezen letter as by harren bruorrefolken dy't yn it Romeinske Ryk fêstige wienen. Pas op 'e ein fan de 6e iuw wie dêr sprake fan. Yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet, yn Noard-Westergoa wie doe sa'n gesach, polityklieder of kening.
De macht fan dy kening waard bepaald troch it oantal minsken dat hy troch it jaan fan presintsjes oan him bine koe. De grinzen fan syn keninkryk wie dêrtroch fleksibel en joegen de berik oan fan it netwurk fan persoanlike relaasjes dy't de kening opboud hie. Fierder hie de kening neffens politike, ek sakrale macht, en spile hy in wichtige rol yn de religy. Krekt as yn de Angelsaksyske wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as kening.
De earste Fryske keningen moatte derom foaral beskôge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân biede te kinnen oan driging fan oare folken. By de Friezen wienen dat foaral de Franken.
It Fryske keninkryk dat yn de rin fan de 6e iuw stal krige wie earst mear in federaasje fan ferskate gebieten dy't ta in sekere hichte troch in sintraal gesach ferbûn wiene. Yn dy tiid hearde de delta fan de Ryn en Maas net ta it Frankyske Ryk fan de Merovingen. De Fryske keningen dy't hieltyd mear in macht fan betsjutting waarden, krigen doe ek belangstelling foar dat gebiet en ûnder de foargongers fan kening Aldgillis kaam der in Fryske machtsútwreiding nei it hert fan Nederlân. Skiedkundigen tinke dat foaral noardlik Westergoa yn 'e beneaming komt as it gebiet dêr't de Fryske keningen oarspronklik wei komme en dat mooglik kening Audulf om-ende-by 600 yn de kriich súksesfol wie.
Lykwols hienen net allinnich de Friezen belangstelling, ek by de Franken wie ynteresse en likernôch 630 waard it gebiet súdlik fan de Alde Ryn troch de Frankyske kening Dagobert ferovere op de Friezen. De Franken brochten harren leauwen, it kristendom, mei nei dy kriten en bouden yn Utert in tsjerke. Nei it regear fan Dagobert koenen de Franken harren dêr net hanthavenje en omtrint 650 kaam it rivieregebiet wer yn hannen fan de Friezen. Under de Fryske kening Redbad soe it Keninkryk Fryslân yn it begjin fan de 8e iuw syn grutste útwreiding krije.
Kening Audulf moat om-ende-by 600 syn machtsbasis hân hawwe yn Eastergoa en súksesfolle kriich fiere tsjin de Franken. Nei alle gedachten hat er it Fryske machtsgebiet fierder nei it suden ta útwreide.
Kening Aldgillis hie syn machtsbasis yn it sintraal riviergebiet yn de tsjintwurdige provinsjes Hollân en Utert. Hy residearre wierskynlik yn Dorestêd of Utert en neffens guon wittenskippers rûn syn ryk fan it Swin (by Brugge) oant de Weser. Under syn regear krigen de Friezen it oan 'e stok mei de Frankyske hofmeier Ebroin. Dêrby wie de behearsking fan de âlde Romeinske grinsfersterkingen de ynset fan de fijannichheden. Aldgilles koe mei syn legermacht de Franken op in ofstân hâlde. Yn de winter fan 678 ûntfong Aldgillis de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert en joech dizze in ûnderkommen. Likernôch 680 stoar de Fryske kening en waard opfolge troch syn soan Redbad.
Redbad hie te krijen mei de hofmeier Pippyn II, de nije sterke man yn it Merovingyske ryk. Yn 690 ferlear Redbad de slach by Dorestêd en gie it gebiet súdlik fan de Alde Ryn ferlern. De Franken sleaten in ferdrach mei de Friezen dat besegele waard mei in houlik tusken Thiadsvind, de dochter fan Redbad en in soan fan Pippyn, Grimoald. Mei de dea fan Pippyn feroare de situaasje. Redbad gong op oarlochspaad en slagge deryn de ferlerne gebieten werom te feroverjen. Yn 716 fersloech hy mei syn leger hofmeijer Karel Martel yn de slach by Keulen.
Nei alle gedachten waard Poppo yn 719 de opfolger fan Redbad doe't hy ferstoar. Dizze kening krige yn 733 te meitsjen mei in grutte oanfal troch de Frankyske hofmeier Karel Martel. It leger fan de Friezen waard werom slein nei Eastergoa, dêr't de Friezen yn 734 de slach oan de Boarn ferlernen. Kening Poppo skeat it libben der by yn.
It ferliezen fan dizze slach hie as gefolch dat de gebieten westlik fan de Lauwers yn Frankyske hannen kamen en allinnich eastlik hjirfan har selsstannigens holden. Lykwols wie it oerbleauwend part benammen in satellytsteat. De opfolger fan Poppo, in kening waans namme wy net kenne, wie yn 748 ferplichte om bystân te jaan oan hofmeier Pepyn III doe't dizze kriich fierde tsjin de Saksen. Karel de Grutte soe lang om let yn 772 in ein meitsje oan it Keninkryk Fryslân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.