Kalkutta
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kalkutta (Bingaalsk: কলকাতা, Kolkata; oant 1 jannewaris 2001 offisjeel Ingelsk: Calcutta) is in stêd yn Yndia, it is de haadstêd fan de dielsteat West-Bingalen. Kalkutta leit oan de east-igge fan de rivier de Hooghly.
Kalkutta Kolkata | |
---|---|
Lân: | Yndia |
Dielsteat: | West-Bengalen |
Koördinaten: | 22° 34′ NB, 88° 21′ EL |
Oerflak: | 185 km² |
Befolking: | 5.080.519 (2009) |
Befolkingstichtens: | 27.462 km² |
Stêdekloft: | 15.414.859 ynwenners |
Hichte: | 9 meter boppe seespegel |
Boargemaster: | Bikash Ranjan Bhattacharya |
Hiemside: | www.kolkatamycity.com |
Yn Kalkutta wenje likernôch 4.580.544 ynwenners (2001) en yn de heule stêdekloft om de stêd hinne wenje 13.216.546 minsken (2001). Hjirmei is it de op twa nei grutste stêd fan it lân nei Bombay en Delhi en de njoggend grutste stêdekloft fan de wrâld nei de definysje fan de Feriene Naasjes.[1]
Kalkutta is in yndustrystêd en in ferkearsknooppunt. Der is in soad kultuer yn de stêd mei universiteiten, teaters, bioskopen, museums en galeryen. Lykas oare grutte stêden yn Yndia hat Kalkutta te krijen mei earmoed, fersmoarging en ferkearsopstoppingen.