From Wikipedia, the free encyclopedia
Jaws 2 is in Amerikaanske horrorfilm út 1978 ûnder rezjy fan Jeannot Szwarc, mei yn 'e haadrollen Roy Schneider, Lorraine Gary en Mark Gruner. De film wie in ferfolch op 'e kaskreaker Jaws, út 1975, en it twadde diel fan 'e úteinlik fjouwerdielige filmsearje mei deselde namme. It ferhaal folget kommissaris Martin Brody en syn húshâlding op it (fiktive) fakânsje-eilân Amity yn Nij-Ingelân as inkele jierren nei soartgelikense ynsidinten in wite haai op 'e nij de kustline begjint te terrorisearjen. Jaws 2 ûntfong fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar die it goed yn 'e bioskopen en wurdt rûnom beskôge as fierwei de bêste fan 'e trije ferfolchfilms fan Jaws.
Jaws 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jeannot Szwarc | |
produsint | Richard D. Zanuck David Brown | |
senario | Carl Gottlieb Howard Sackler | |
kamerarezjy | Michael Butler | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | The Zanuck/Brown Company | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Roy Schneider Lorraine Gary Mark Gruner | |
byrollen | Murray Hamilton Joseph Mascolo Jeffrey Kramer Marc Gilpin | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 juny 1978 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | horrorfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $30 miljoen | |
opbringst | $208,9 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Jaws | |
● foarich diel | Jaws | |
● folgjend diel | Jaws 3-D |
Wylst op it (fiktive) fakânsje-eilân Amity, foar de kust fan Nij-Ingelân, in nij hotel iepengiet, wurde twa dûkers dy't foto's meitsje fan it skipswrak fan 'e Orca deade troch in njoggen meter lange wite haai. Neitiid swimt it bist de kustwetters fan Amity yn. De oare deis wurdt de fotokamera fan 'e dûkers weromfûn, dy't nei de pleatslike fotosaak ta brocht wurdt om it fotorôltsje ûntwikkelje te litten. Wylst toeristen en eilânbewenners wille yn it wetter hawwe, giet de haai efter in jonge wetterskyster oan, dy't er deadet. As er dêrnei de boat oanfalt dy't it fanke loek, besiket de bestjoerster him te deadzjen mei in gasflesse en in sinjaalpistoal, mar dat giet mis en de boat eksplodearret. De frou komt dêrby om en de haai rint oan 'e rjochterkant fan syn kop rare brânwûnen op. De ûntploffing wurdt fan it eilân ôf waarnommen, mar net wat dêroan foarôfgie.
Wylst noch ûndersyk dien wurdt nei wat de ûntploffing fan 'e boat feroarsake hawwe kin, wurdt op in oar diel fan it eilân it oanspielde kadaver fan in orka oantroffen, dêr't in ûnbidich grutte hap út mist. Kommissaris Martin Brody, dy't oan it haad fan 'e plysje fan Amity stiet, is derfan oertsjûge dat in mânske wite haai ferantwurdlik is foar de dea fan 'e orka, mei't er soks inkele jierren earder ek ris meimakke hat (sjoch: Jaws). boargemaster Larry Vaughn, dy't inkeld belangstelling hat foar de ynkomsten dy't de pleatslike ûndernimmers út it toerisme krije, wol fan maatregels lykwols neat witte. Soks soe de toeristen ris ôfskrikke kinne. Letter fynt Brody it ferkoalde lyk fan 'e bestjoerster fan 'e speedboat werom.
Brody besiket de help fan marine biolooch Matt Hooper yn te roppen, dy't by de foargeande probleemhaai ek holpen hat, mar dy blykt foar de winter op it súdlik healrûn fêst te sitten op in ûndersyksbasis yn Antarktika. Brody beslút dat er teminsten syn eigen bern by de see wei hâlde kin, dat hy ferbiedt syn sechstjinjierrige soan Mike om der noch mei syn boatsje op út te gean. Om derfoar te soagjen dat de jonge wat oars om hannen hat, besoarget er him, ta argewaasje fan Mike, in simmerbaantsje op it eilân, by it wetter wei. De oare deis klimt Brody op it strân yn 'e observaasjetoer dy't er dêr sette litten hat nei de problemen fan in pear jier earder. Hy feroarsaket panyk mank de toeristen op it strân as er in iezing fisk foar in haai oansjocht en derop begjint te sjitten. Boargemaster Vaughn is poer, en de relaasje tusken de mannen wurdt gau minder.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Brody sjocht syn eangsten lykwols befêstige as de ûntwikkele foto's út 'e kamera fan 'e dûkers weromkomme. Ien dêrfan lit in fan tige tichtby nommen byld sjen fan it each fan in wite haai. As de kommissaris de foto lykwols foarleit oan 'e gemeenteried, sizze de gemeenteriedsleden dat se yn it byld hoegenamt gjin haai weromkenne kinne. Ynstee hâlde se in stimming oer it foarstel om Brody út syn amt as haad fan 'e plysje te setten, mei't er dúdlik oan it trochdraaien is. De gemeenteried stimt hast unanym foar dat útstel, op ien ôfwikende stim fan boargemaster Vaughn nei. Brody wurdt opfolge as kommissaris troch plysje Jeff Hendricks.
De oare moarns negearret Mike Brody syn heite ferbod en giet mei syn freonen en freondinnen in ein te silen. Syn broer Sean, fan tsien, sjantearret him mei it drigemint om oan heit út te bringen wat Mike fan doel is, sadat Mike tajout en him meikomme lit. Yn 'e haven bedarret Sean by Marge yn 'e boat, in famke fan deselde leeftyd as Mike. De teenagers sette ôf yn seis ûnderskate boatsjes en komme in groep dûkers foarby dy't ûnder lieding stiet fan dûkynstrukteur Tom Andrews. Hast fuortendaliks al nei't Andrews de seeboaiem berikt hat, sjocht er de haai. Hy rekket yn panyk en swimt as in gek wer omheech nei it wetteroerflak, wêrby't er emboly oprint dêr't er swier ferwûne fan rekket, sadat er gjin warskôging jaan kin. Koarte tiid letter raamt de haai it boatsje fan 'e teenagers Tina en Eddie, dy't by de rest fan 'e groep weirekke binne. Eddie falt oerboard en wurdt ferslynd.
Op it eilân binne Brody en syn frou Ellen der tsjûge fan hoe't Tom Andrews oan lân en nei in ambulânse brocht wurdt. De oare dûkers fertelle dat se tinke dat er earne fan skrokken wêze moat. Fan Jeff Hendricks heart Brody dat Mike út te silen gien is. Dêrop foarderje hy en Ellen mei help fan in tsjinakseljende Hendricks in plysjeboat om harren soan te rêden. Se komme Tina har boat tsjin en fine it fanke ferstive fan eangst op in sideplak yn 'e boech werom. As se har oan 'e praat krije, befêstiget se de oanwêzigens fan in reuseftige haai. Brody ropt in passearjende boat oan om Hendricks, Ellen en Tina oan lân te bringen, wêrnei't er de syktocht nei Mike en de oare bern allinnich fuortset.
Underwilens falt de haai de fiif oare boatsjes oan, en lit dêrby de measten kapseize, wêrnei't de bern beskûl sykje moatte op 'e kyl fan harren ûnderstboppest driuwende fartugen. Mike rekket fan in klap bewusteleas en falt yn it wetter. De iennichste beide fan syn maten dy't noch in boat hawwe dy't farre kin, witte him út it wetter te krijen foar't er ferdrinke of opfretten wurde kin. Neitiid sette se mei him ôf werom nei Amity om help te heljen. De rest fan 'e bern, ûnder wa Mike syn bruorke Sean, bliuwt efter op 'e ûnderstboppest driuwende boatsjes, dy't troch de streaming stadichoan de Atlantyske Oseaan ynspield wurde.
In wetterhelikopter fan 'e Amerikaanske Kustwacht, dy't troch Brody alarmearre is, ûntdekt de boatsjes en de bern, en lânet op it wetter om in tou fêst te meitsjen, sadat er se foarsichtich nei Amity slepe kin. De haai dûkt lykwols op en byt him fêst yn ien fan 'e beide pontons dêr't de helikopter op driuwt. Hy skuort de helikopter om, sadat dy kapseist en sinkt, wêrby't de piloat omkomt troch ferdrinking of in haaie-oanfal. Neitiid stompt de haai de lytse Sean fan Marge har boatsje ôf. De jonge falt yn it wetter en Marge dûkt him efternei. Se wit him te rêden en wer op it boatsje te helpen, mar sels wurdt se ferslynt troch de haai.
Brody komt it boatsje mei Mike en syn beide maten tsjin, en Mike ljochtet him yn oer de sitewaasje, ynklusyf de oanwêzigens fan Sean by de groep, dêr't Brody him oant no ta net fan bewust wie. Hy stjoert Mike-en-dy nei hûs en fart sels fierder. Hy treft de driuwende boatsjes oan by it ûnbewenne rotseilantsje Cable Junction, dêr't inkeld in transformatorhúske stiet dat de elektrisiteitsfoarsjenning oan Amity regelet, fia in mânske elektrisiteitskeabel dy't oer de seeflier rint. It roppen en springen fan 'e bern as se Brody oankommen sjogge, lûkt de oandacht fan 'e haai, en yn alle gaos lit Brody by fersin de plysjeboat op it eilân strânje. Hy besiket de bern mei in liere nei it eilantsje te lûken, mar it ding bliuwt heakjen efter de grouwe keabel, dy't er by fersin fan 'e seeboaiem omheech hellet.
De haai stompt de boatsjes hurd oan, mei as gefolch dat de measten fan 'e bern te wetter reitsje. Se swimme as gekken nei Cable Junction ta en helje it allegear. Inkeld Jackie, op wa't Mike fereale is, en Sean sitte no noch op 'e boatsjes. Brody, dy't in helder idee kriget, giet yn in opblaasboat de see wer op en huft mei in roeirym op 'e elektrisiteitskeabel om. Dat lûkt de oandacht fan 'e haai, dy't him oanfalt en besiket te biten. Ynstee soarget Brody dat it bist de elektrisiteitskeabel yn 'e bek kriget. As de haai dêrop yn byt, elektrokutearret er himsels. Brody hellet yn it opblaasboatsje Jackie en Sean op en se jouwe har by de oaren op Cable Junction om harren rêding ôf te wachtsjen.
personaazje | akteur/aktrise |
kommissaris Martin Brody | Roy Schneider |
Ellen Brody | Lorraine Gary |
Mike Brody | Mark Gruner |
personaazje | akteur/aktrise |
boargemaster Larry Vaughn | Murray Hamilton |
Len Peterson | Joseph Mascolo |
plysje Jeff Hendricks | Jeffrey Kramer |
Sean Brody | Marc Gilpin |
dokter Elkins | Collin Wilcox |
Tina Wilcox | Ann Dusenberry |
Tom Andrews | Barry Coe |
Andy Nicholas | Gary Springer |
Jackie Peters | Donna Wilkes |
Eddie Marchand | Gary Dubin |
Paul "Polo" Loman | John Dukakis |
Timmy Weldon | G. Thomas Dunlop |
Larry Vaughn jr. | David Elliott |
Doug Fetterman | Keith Gordon |
Lucy | Cynthia Grover |
Patrick | Ben Marley |
Marge | Martha Swatek |
Bob | Billy Van Zandt |
Brooke Peters | Gigi Vorgan |
frou Taft | Fritzi Jane Courtney |
Harry Wiseman | Afred Wilde |
Posner | Cyprian R. Dube |
helikopterpiloat | Jerry M. Baxter |
Diane Hetfield (wetterskyboatbestjoerster) | Jean Coulter |
Terri (weterskyster) | Christine Freeman |
Phil Fogerty | Herb Muller |
Donnie | David Owsley |
Denise | Susan Owsley McMillan |
âlde dame | Susan French |
Jaws 2 waard makke nei oanlieding fan it oerweldigjende súkses fan 'e oarspronklike film út 'e Jaws-rige, Jaws, út 1975. Dy film wie regissearre troch Steven Spielberg, mar dyselde sei yn oktober 1975 op it Filmfestival fan San Francisco dat "it meitsjen fan in ferfolchfilm" neat oars wie as "in goedkeape sirkustrúk", en dat er net iens antwurde as de produsinten him fregen om in ferfolch te regissearjen. Produsint David Brown sei dêroer dat Spielberg it ferfolch net meitsje woe om't er fûn dat er "de definitive haaiefilm" al makke hie en neat mear oan it ûnderwerp ta te foegjen hie. Spielberg sels sei by in fraachpetear yn 2011 dat er iepenstien hie foar it regissearjen fan in ferfolch as it meitsjen fan 'e earste film net sa'n lijenswei west hie.
De produsinten, Brown en Richard D. Zanuck fan The Zanuck/Brown Company, fregen dêrom John D. Hancock om 'e film te meitsjen. Doe't de opnamen al mear as in moanne oan 'e gong wiene, bliek dy net geskikt foar it meitsjen fan in horrorfilm mei aksjesênes. De produsinten wiene min te sprekken oer de dûnkere, subtile toan dy't de film liek te krijen. Bykommende swierrichheden waarden feroarsake troch Sidney Sheinberg, de algemien direkteur fan 'e grutte filmstudio Universal Pictures, dy't it projekt finansierde. Dyselde woe dat syn frou, aktrise Lorraine Gary (Ellen Brody), in gruttere rol krige en mei it wetter op gie om 'e jongerein te rêden. Doe't him dat idee oerbrocht waard, reägearre Zanuck mei de wurden: "Oer myn lyk."
Uteinlik kaam it konflikt mei Hancock op in sneontejûn ta útbarsting en waard de regisseur ûntslein. Op dat punt naam Spielberg yn omtinken om dochs de rezjy fan Jaws 2 op him te nimmen, mar omreden fan syn kontraktuele ferplichtings yn it ramt fan Close Encounters of the Third Kind soe it noch in jier duorje foar't er him dat oan tiid die. Sa lang koene de produsinten net wachtsje. Produksje-ûntwerper Joe Alves (dy't letter Jaws 3-D regissearje soe) en Verna Fields, dy't nei har rûnom priizge filmmontaazje fan 'e earste film beneamd wie ta ûnderdirektrise fan Universal, stelden foar om tegearre de rezjy oer te nimmen, mar dat idee waard it near op lein troch it Directors Guild of America, it fakbûn fan regisseurs, dat net tastean woe dat ien fan syn leden ferfongen waard troch ien of mear net-leden. Uteinlik waard de rezjy fan Jaws 2 taparte oan 'e Frânske filmmakker Jeannot Szwarc.
Szwarc wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Carl Gottlieb en Howard Sackler. Der wie foar Jaws 2 in budget beskikber fan $30 miljoen, wêrmei't it de djoerste ferfolchfilm wie dy't (op dat stuit) ea makke wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael Butler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams. Susan Ford, de dochter fan 'e Amerikaanske presidint Gerald Ford, waard ynhierd foar it meitsjen fan publisiteitsfoto's. Haadrolspiler Roy Schneider hie der allinne mar mei ynstimd om op 'e nij yn 'e hûd fan kommissaris Martin Brody te krûpen om in langrinnend kontraktueel skeel mei Universal te beëinigjen. Hy koe min mei Szwarc opsjitte en rekke op 'e filmset ferskate kearen mei de regisseur deilis.
De opnamen setten útein yn juny 1977, mar de produksje lei ferskate wiken stil nei it ûntslach fan Hancock. De sênes yn it doarp waarden krekt as by de earste film opnommen op Martha's Vineyard, in echt eilân foar de kust fan Nij-Ingelân. De strân- en seesênes waarden foar it meastepart opnommen yn Navarre Beach, yn Floarida, mei't dat in waarm klimaat en djip, helder blau wetter hie. By ien opname begûnen echte hammerhaaien rûntsjes om 'e teenagers op 'e boatsjes te draaien. Harren helpgerop bleau lange tiid ûnbeäntwurde om't de filmcrew, dy't fan in ôfstân filme, miende dat it by harren aktearjen hearde.
De distribúsje fan Jaws 2 waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 16 juny 1978 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde tagelyk by platemaatskippij MCA Records. Yn 1980 waard de film útbrocht op VHS- en Betamax-keapfideo. De earste dvd-edysje kaam út op 22 maaie 2001, en de earste blu-ray-edysje yn 2016.
Fan 'e filmkritisy krige Jaws 2 mingde resinsjes, mar de film wurdt rûnom beskôge as fierwei de bêste fan 'e trije ferfolchfilms fan Jaws. Neffens Gene Siskel, dy't skreau foar de Chicago Tribune, wie de film inkeld it oansjen wurdich as Roy Schneider yn byld wie. Hy parte 21/2 fan 4 stjerren oan Jaws 2 ta. Yn The New York Times skreau Vincent Canby: "Guon fan 'e aksjesênes binne goed makke, mar dy hawwe se sa yn it wylde wei yn 'e film falle litten, dat Jaws 2 nea opbout nei lykfol hokker klimaks." Neffens Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie de film "klearebare rotsoai".
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Jaws 2 in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 32 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] komt nea ek mar yn 'e buert fan 'e jin bybliuwende spanning fan syn klassike foargonger, mar hy is ridlik ûnderhâldend foar in ferfolch dy't eins gjin besteansreden hat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Jaws 2 in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 12 resinsjes.
Jaws 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $102,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $106 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $208,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $178,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Jaws 2 ien fan 'e meast opbringende films fan 1978 en (doe) de meast opbringende ferfolchfilm út 'e filmskiednis.
Op 'e dvd-edysje fan Jaws 2 út 2001 waard as bonusmateriaal û.m. in dokumintêre fan 45 minuten meilevere dy't weromseach op 'e produksje fan 'e film. Regisseur Jeannot Szwarc fertelt dêryn û.o. oer de problemen mei de Frânske titel fan 'e film. De oarspronklike film Jaws wie yn it Frânsk Les Dents de la Mer ("De Tosken fan 'e See") neamd, dat Jaws 2 moast Les Dents de la Mer 2 (útspr.: Les Dents de la Mer Deux) komme te hjitten. Doe klonken de lêste beide wurden as it krêftwurd merde ("stront"), wêrmei't de betsjutting fan 'e titel "De Tosken fan 'e Stront" waard. Soks waard úteinlik oplost troch der Les Dents de la Mer Part 2 fan te meitsjen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.