J.H. Leopold
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jan Hendrik Leopold (De Bosk, 11 maaie 1865 - Rotterdam, 21 juny 1925) wie in Nederlânsk dichter en klassikus.
Leopold kaam fan Arnhim, mar festige him op 2 maart 1892 yn Rotterdam. Itselde jier promovearre er yn Leien op it proefskrift Studia Peerlkampiana [1]. Hy waard learaar klassike talen oan it Erasmiaans Gymnasium. Hy wie befreone mei syn learlinge Ida Gerhardt, dy't as dichteresse en leararesse klassike talen yn syn fuotleasten gie.
Leopolds oeuvre is net sa grut en neffens guonts hermetysk fan karakter. Ien fan syn ferneamdste wurken is it gedicht Cheops, dat teffens ien fan de ferneamdste wurken út de moderne Nederlânske boekdrukkeunst is. Leopold wie ek oersetter fan wurk fan Bacchylides en Sofokles en it gedicht Rubaiyat fan Omar Khayyám.
It Stedsargyf en Ateneumbibleteek yn Dimter hat in Leopold-kolleksje, dy't yn 2009 skonken waard troch Gerard Burger, foarsitter fan it Humanistisch Verbond, Dimter.[2]
LAATSTE WIL VAN ALEXANDER
Uit:Verzen II
KWATRIJN XXVII - Omar Khayyám
Uit:Verzen II
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.