From Wikipedia, the free encyclopedia
Irene Cara Escalera (New York, 18 maart 1959 - Miami, 25 novimber 2022) wie in Amerikaanske aktrise en sjongeres. Begjin jierren 80 hie se twa wrâldhits mei de soundtracks fan de films Fame en Flashdance.
Irene Cara | ||
akteur | ||
Irene Cara (1983) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Irene Cara Escalera | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 18 maart 1959 | |
berteplak | New York | |
stoarn | 25 novimber 2022 | |
stjerplak | Miami | |
jierren aktyf | 1968-2018 |
Cara waard berne yn de Bronx as dochter fan in Portorikaanske heit en in Kubaanske-Amerikaanske mem en stie as bern al yn 'e skynwerpers. As beuker fan fiif jier makke se har debút op Broadway. In pear jier letter hie se meardere optredens op Broadway op har namme stean en trede se tegearre op mei wrâldstjerren as Stevie Wonder, Sammy Davis jr. en Roberta Flack. Cara debutearre yn 1975 as sechstjin jierige op it wite doek as Angela yn de romantyske thriller Aaron Loves Angela. Yn de film Fame út 1980 spile Irene Cara de rol fan Coco Hernandez. Foar dizze film song se twa soundtracks, it nûmer Fame en it nûmer Out Here On My Own. Trije jier letter yn 1983 song se ek Flashdance... What a Feeling, de soundtrack fan 'e film Flashdance. Fan ein jierren 80 ôf sprúts se benammen in protte stimmen yn foar tekenfilms.
Irene Cara ferstoar op 25 novimber 2022, yn 'e aldens fan 63 jier.
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1975 | Aaron Loves Angela | Angela | |
1976 | Sparkle | Sparkle Williams | |
1976 | Apple Pie | Dûnseres | |
1980 | Fame | Coco Hernandez | |
1982 | Killing 'em Softly | Jane | |
1982 | Sister, Sister | Sisina "Sissy" Lovejoy | |
1983 | D.C. Cab | as har sels | |
1984 | City Heat | Ginny Lee | |
1985 | Certain Fury | Tracy | |
1986 | Busted Up | Simone Bird | |
1989 | Caged in Paradiso | Eva | |
1989 | Happily Ever After | Sniewytsje | stim |
1992 | Beauty and the Beast | Beauty | stim (alinne útbrocht op video) |
1992 | The Magic Voyage | Marilyn | stim |
1994 | The Jungle King | Leonette | stim |
1996 | The Hunchback of Notre Dame | Melody | stim |
2004 | Downtown: A Street Tale | buertbewenner |
Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Ésta es Irene | 1967 | Gema | |
Anyone Can See | jannewaris 1982 | Network | Anyone Can See, My Baby (He's Something Else) |
What a Feelin' | 2 novimber 1983 | Flashdance... What a Feeling, Why Me?, The Dream (Hold On to Your Dream), Breakdance, You Were Made for Me | |
Carasmatic | 1987 | Elektra | Girlfriends |
Irene Cara Presents Hot Caramel | 2011 | CPM |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.