From Wikipedia, the free encyclopedia
Hermanus Jan (Herman) van der Heide (Snits, 12 augustus 1917 – 13 desimber 1998[1][2]) wie in byldhouwer, dy ôfstamt fan'e famylje Van der Heide út Harns.
Herman van der Heide | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Herman van der Heide | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 augustus 1917 | |
berteplak | Snits | |
stoarn | 13 desimber 1998 | |
stjerplak | ? | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | byldhouwer | |
perioade | 20e iuw | |
streaming | konstruktivisme | |
jierren aktyf | 1947-1998 |
Van der Heide wie ûnder oare dekorateur by ferskate bedriuwen en wie as byldhouwer autodidakt. Hy folge yn'e Twadde Wrâldkriich jûnslessen tekenjen en skilderjen oan 'e Grinzer Akademy Minerva en letter oan 'e Frije Akademy yn De Haach). Yn 1947 hat er him festige yn Amsterdam as byldzjend keunstner. Oant 1955 wurke er dêr as tentoanstellingsynrjochter. Yn 1951 moete er by it Iepenloftmuseum foar byldhoukeunst Middelheim yn Antwerpen de abstrakt wurkjende keunstner Hans Ittmann, die't him yntrodusearre as lid fan Kreaasje (Nederlânsk: Creatie). Tusken 1951 en 1959 wie Van der Heide ek lid fan De Nije Ploech yn Voorburg en, nei de opheffing fan Kreaasje, lid fan 1955 oant de opheffing yn 1969 lid fan 'e Liga Nije Bylden mei oare byldzjend keunstners en arsjitekten (ûnder wa Dirk Sterenberg). Mei dizze Liga eksposearre hy syn wurk by de tentoanstelling Kleur (1958) yn it Stedsk Museum Amsterdam. Gearwurking tusken byldzjende keunstners en arsjitekten, die't de Liga propagearre, waard troch Van der Heide en Sterenberg realisearre by de bou fan ferskate brêgen yn Amsterdam, fan hokker Van der Heide de liningen die. It wurk fan'e keunstner, dy't ûnderwiis joech oan 'e Keninklike Haachske keunstakademy, wurdt rekkenne ta it konstruktivisme.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.