From Wikipedia, the free encyclopedia
Helena is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Montana. De stêd waard stifte yn 1864, nei't der goud yn de omkriten fûn waard.
Helena | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Montana | |
County | Lewis en Clark | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 28.190 (2010) | |
Oerflak | 36,3 km² | |
Befolkingsticht. | 710,5 / km² | |
Stêdekloft | 74.801 | |
Hichte | 1.237 m | |
Oar | ||
Stifting | 30 oktober 1864 | |
Tiidsône | Mountain (UTC-7) | |
Simmertiid | Mountain (UTC-6) | |
Offisjele webside | ||
Webside fan Helena |
De pleatslike krante is Independent Record. De stêd hat in fleanfjild ta har foldwaan, Helena Regional Airport (HLN).
De stêd waard op 30 oktober 1864 stifte, nei de fynst fan goud troch de Four Georgians oan de Last Chance Gulch. De haadstrjitte fan Helena hjit Last Chance Gulch en folget de bochten fan de oarspronklike wetterrin troch it âlde sintrum.
De stêd hjitte yn it earstoan Crabtown, neamd nei John Crab, ien fan de fjouwer Four Georgians (de oaren wiene John Cowan, D. J. Miller en Reginald (Robert) Stanley). Doe't der mear goudsikers nei de stêd teinen en dy hieltiten grutter waard, waard besletten om de namme te feroarjen. John Sommerville stelde út om de namme fan syn berteplak, Sint Helena yn Minnesota te kiezen. De útspraak (Hel-E-na) noaske de goudsikers net, sy seine leaver 'HEL-e-na', mei de klam op 'hel'. It foarheaksel Sint fûnen sy ek tefolle, dat de nije namme waard Helena. Dy namme helle it lykwols mei mar twa stimmen mear as it alternatyf, Tomah.
De stêd waard foar it earst yn kaart brocht yn 1865 troch kapitein John Wood. In protte diken fan no folgje de kringeljende paden fan de goudsikers en streamkes. Sa komt it dat it strjitteplan fan it âlde Helena net de strakke blokstruktuer fan de measte Amerikaanske stêden hat.
Yn 1886 wennen der sa'n 50 miljonêrs yn Helena, mear as op hokker plak yn de wrâld ek. Der waard foar likernôch 3,6 miljard dollars (omrekkene nei de wearde fan 2010) oan goud fûn yn Last Chance Gulch oer in tiidrek fan rûchwei 20 jier.
It offisjele symboal fan Helena is in tekening fan The Guardian of the Gulch, in houten toer dy't yn 1886 boud waard en noch altyd op Tower Hill stiet. De toer tsjinne as útsjochpost om brân te sinjalearen nei in tal grutte brannen tusken 1869 en 1874. De toer ferfong in ienfâldiger foargonger dy't yn 1870 op itselde plak boud waard.
De getallen oer 1900 - 1990 binne ôfrûne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.