Hegelânsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Hegelânsk, inkeld ek wol Noardgrinslânsk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it Hegelân, it noardlike part fan 'e provinsje Grinslân. It taalgebiet fan it Hegelânsk wurdt begrinzge troch de stêd Grins yn it suden, it Ryddjip yn it súdwesten, de Lauwersmar yn it noardwesten, it Waad yn it noarden, de Iems yn it noardeasten en it Damsterdjip yn it súdeasten. De stêden Delfsyl en Appingedam, dy't oan 'e noardlike kant fan it Damsterdjip lizze, en dêrmei yn it Hegelân, hearre taalkundich by it Aldamtske dialektgebiet.
Hegelânsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Noardgrinslânsk | |
eigen namme | Hogelaands | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 55.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Friso-Saksysk - Grinslânsk - Hegelânsk | |
dialekten | gjin | |
taalstatus | ||
offisjele status | it Hegelânsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nedersaksysk; op himsels genietet it gjin erkenning | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | n.f.t. | |
ISO 639-3 | n.f.t. |
It Hegelânsk wurdt tsjintwurdich sprutsen troch likernôch 55.000 minsken en is ien fan 'e fitaalste dialekten fan Grinslân. Lykwols nimt it sprekkerstal stadichoan ôf, mei't in bûtenproporsjoneel grut part fan 'e sprekkers út âlderen bestiet.